Hearrenfean hat 4.500 euro fjoerwurkskea: it leechste bedrach yn tsien jier

In troch fjoerwurk skansearre boerd © ANP
De gemeente Hearrenfean hat foar goed 4.500 euro skea troch âld en nij. Dochs is boargemaster Van der Zwan net ûntefreden, want ferline jier wie it skeabedrach noch sa'n 8.500 euro.
Hearrenfean is foar safier bekend de earste gemeente dy't de skeasifers bekend makket. It giet benammen om ferkearsbuorden (2.700 euro) en jisketonnen (1.800 euro), dy't troch fjoerwurk fernield binne. It gie dit jier om it leechste bedrach oan skea fan de ôfrûne tsien jierwiksels.
Foar boargemaster Van der Zwan wie it de lêste âld-en-nij-tsjinst, om't Van der Zwan yn oktober ophâldt as boargemaster.