Sirkulêr tinke is it nije fertsjinmodel, seit Vermogensbeheer Friesland

André Kamstra © Omrop Fryslân
Guod in twadde libben jaan en minder nij keapje, oftewol sirkulêr tinke, dat moat it nije fertsjinmodel wurde. Dat tinkt André Kamstra, algemien direkteur fan Vermogensbeheer Friesland fan De Jouwer yn in foarútsjoch op de ekonomyske ûntjouwing yn 2023.
"Dat betsjut dat we de batterij fan de iPad ferfange moatte yn stee fan in nije iPad te keapjen. Klean dy't we net mear drage, soenen we ferkeapje moatte en it sa in twadde libben jaan. Fierder moatte we sa ticht mooglik by hûs ûnbewurke iten keapje.'

Trije senario's

Kamstra sjocht trije senario's foar de ekonomy. Alderearst it meast logyske en ferwachte senario: dêryn pykt de ynflaasje en folget oanslutend in ferflakking. De sintrale banken hâlde dan op mei it ferheegjen fan de rinte.
De groei fan de ekonomy sil dan net hiel grut wêze, mar is der noch wol. Dat betsjut in lichte resesje yn Europa en dus ek yn Fryslân. De spanningen yn de wrâld en de risiko's dy't dêroan sitte, soargje foar nije ekonomyske ynsjoggen. Dêryn leit it aksint op it sirkulêr tinken en besparjen.
Ofhinklik fan de ynternasjonale ûntwikkelingen kinne we likegoed mei in posityf as negatyf senario te krijen krije. Komt der in ein oan de oarloch tusken Oekraïne en Ruslân, dan sil de ynflaasje ôfnimme en binnen de 2 prosint bliuwe dy't de sintrale banken yn Europa foar eagen ha.
André Kamstra oer de ekonomy yn 2023
Yn dat gefal sil ek de rinte omleech gean, wat wer in posityf effekt ha sil op de ekonomyske groei yn Amearika en Europa. En dat jildt dan fansels ek foar Fryslân. "Dat soe moai wêze. Mar we sitte tichter by it tredde en negative senario."
Bliuwe Ruslân en Oekraïne yn oarloch, dan komme we yn in negatyf senario telâne. Dat betsjut dat de ynflaasje bliuwt en dat de sintrale banken de rinte noch fierder ferheegje sille. Yn dat gefal komt der in echte resesje yn Europa, Ingelân en Amearika en sil fansels ek Fryslân klappen krije.

Oars tinke

Hokker senario úteinlik ek wierheid wurdt, neffens Kamstra is it wis dat oars tinke de takomst hat. "Mei sirkulêr tinke kin by alle senario's jild fertsjinne wurde. De tiid fan de globalisearring is foarby. We moatte besparje, sirkulêr tinke en betelber ûnbewurke iten keapje. En we moatte it mei elkoar dwaan. It komt fan ûnderop, net fan boppe-ôf."