Sneupe yn dokuminten fan 75 jier ferlyn, Tresoar jout stikken frij op Openbaarheidsdag

Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Sûnt 2010 wurdt op de earste wurkdei fan elts nije jier de Openbaarheidsdag hâlden, de dei dat it nasjonaal argyf en ek regionale argiven stikken iepenbier meitsje dy't oant no ta geheim wienen.
In soad offisjele stikken binne faak earst noch in skoft geheim. Dit mei maksimaal 75 jier duorje. De âldste argyfstikken dy't no iepenbier makke wurde, komme dan ek út it jier 1947.
By Tresoar dogge se ek mei oan dizze dei. "Als Tresoar een archief krijgt, wordt er een contract afgesloten. Daarin wordt bepaald op welke dag het openbaar mag worden", leit Brigette Lee fan Tresoar út.
Iepenbierheid wurdt tsjintwurdich hiel wichtich fûn, stelt Lee. Dêrtroch komme stikken faak earder beskikber. "Zo kunnen mensen de informatie zo snel mogelijk inzien."'

Fersetsstrider stelt skiep

Ien fan de stikken dy't op Openbaarheidsdag iepenbier wurden is, is it fonnis fan de rjochtbank yn Ljouwert oer in tal stellerijen yn de omkriten fan Ljouwert. De saak draait om Douwe Kooi. Hy hie yn 1946 en 1947 tegearre mei syn sweager skiep stellen út de greiden.
Kooi joech de stellerij ta, mar frege de rjochtbank wol om rekken te hâlden mei it feit dat hy meifochten hat yn it ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. De rjochter lei in legere straf op: twa jier sel yn stee fan de easke fjouwer.
Njonken rjochtbankstikken komme der ek allegear oare dokuminten frij. "Openbaarheid is superbelangrijk", fynt Lee. "Mensen hebben het recht om informatie in te zien. Wij willen veel meer aandacht schenken aan onze collectie."
De belangstelling falt oan no ta noch wol wat ôf. "Daarom kijken wij hoe we dit nog bekender kunnen maken bij het publiek. De Openbaarheidsdag is een mooie gelegenheid om er aandacht aan te schenken."