Man (83) út Beetstersweach slachtoffer fan bankfraude; trije fertochten oanhâlden

Bankfraude (foarbyldfoto) © Shutterstock.com / Eviart
De plysje hat trije fertochten oanhâlden foar bankhelpdeskfraude en stellerij by in 83-jierrige man út Beetstersweach. It giet om in 17-jierrige ynwenner fan Nijmegen, in 18-jierrige man út Lent en in 23-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak.
De man út Beetstersweach waard moandei slachtoffer fan de trije fertochten. Sy sprutsen de man oan en dienen har foar as meiwurkers fan in bank. Dêrnei namen se by him thús syn pinpas en wat oare saken mei. Mei de stellen pas ha se yn Beetstersweach jild opnommen en guod kocht.
Nei't de plysje melding fan de fraude en de stellerij krige, koenen letter op de dei de trije fertochten oanhâlden wurde by Heerde yn Gelderlân. Se sitte fêst foar ferhoar.

Meardere meldingen

Neffens de plysje binne de ôfrûne wiken meardere meldingen binnenkaam fan bankhelpdeskfraude yn Noard-Nederlân. Undersyk moat útwize oft de oanhâlden fertochten dêr ek by belutsen binne. De plysje ropt eventuele slachtoffers op altyd oanjefte te dwaan.