Troch blessuere kin Fado foarearst net mear drave foar it goede doel

Fado en trainer Aonne de Wrede © Omrop Fryslan, Hayo Bootsma
It hynder Fado, dat foar goede doelen draaft, komt foarearst net mear yn aksje. It ôfrûne jier stried it hynder fan Stâl Boppeslach om prizejild te fertsjinjen foar de Ronald McDonald Hoeve yn Beetstersweach. Troch in soad blessuereleed kaam er mar fjouwer kear oan de start.
Ferline jier draafde Fado 19.150 euro byinoar foar de stichting Dol Fijn yn Drachten, dit kear bleau de teller stean op 3.100 euro. In teloarstellende opbringst, seit Marthijs Roorda fan Stâl Boppeslach yn Siegerswâld.
"It seizoen derfoar gong hartstikke bêst", fertelt Roorda. "Fan de fjirtjin kear dat er oan de start stie, hat er sân kear wûn." Ek it ôfrûne seizoen begûn goed, want Fado wûn fuortendaliks de earste wedstriid. "Dus we tochten: dit komt klear. Mar dêrnei kamen in protte blessueres en hat it eins in hiel dreech jier west foar ús hynderke."
De Ronald McDonald Hoeve yn Beetstersweach mocht dochs 19.150 euro yn ûntfangst nimme © Eigen foto
Fado krige in pear kear kielûntstekking en hie ek lêst fan in foet en de rêch. It die bliken dat syn linkerlong net maksimaal funksjonearret trochdat der in soad slym yn sit. In hynder kin dat net ophoastje.
"Wy ha mei him nei in spesjale klinyk yn België west en dêr ha se úteinlik fûn wat der oan 'e hân wie", seit Roorda. "Dêr ha se de behanneling op oanpast en no binne we safier dat er hast wer frij is fan pyntsjes en klachten."
Neffens Roorda wie it dreech om derefter te kommen wêr't Fado no krekt lêst fan hie. "Us trainer Aonne de Wrede hat tûzenen hynders traind, mar hy sei dat er dit noch noait sa meimakke hie. Sels hy moast oan it dokterjen."
Hy is alwer in bytsje oan it trainen, sadat er yn elk gefal yn beweging bliuwt.
Marthijs Roorda fan Stâl Boppeslach
No't it wer de goede kant op giet mei it hynder hat Roorda der alle fertrouwen yn dat der letter dit jier wer koerst wurde kin. "Hy is alwer in bytsje oan it trainen, sadat er yn elk gefal yn beweging bliuwt. We ferwachtsje dat we oer twa wiken wer begjinne kinne mei echte training. En dan kin er hooplik yn maart, april wer oan de start komme. Krekt op tiid foar it simmerseizoen, dat soe moai wêze."
Mei de opbringst foar de Ronald McDonald Hoeve is it dochs noch goed kaam. Stâl Boppeslach hat besletten om it bedrach sels oan te foljen, ek mei help fan sponsors. Sa koe it fakânsjehûs foar famyljes mei bern dy't yntinsive soarch nedich ha úteinlik ek 19.150 euro yn ûntfangst nimme. "Ja, dat hynderke kin der ek neat oan dwaan", seit Roorda.