Stoffebedriuw Jan Sikkes fallyt: alle winkels op it stuit ticht

Stoffewinkel Jan Sikkes yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Oane Hoekstra
It Fryske stoffebedriuw Jan Sikkes is fallyt. Jan Sikkes is in famylje-ûndernimming dy't yn 1934 begûn. It bedriuw hat tsien stoffewinkels, yn en bûten Fryslân. De trije Fryske filialen stean yn Snits, Ljouwert en Drachten. Yn Snits is ek it haadkantoar fêstige.
Alle meiwurkers binne juster op 'e hichte brocht fan it fallisemint. It is noch net dúdlik oft it bedriuw in trochstart meitsje kin en wat de gefolgen binne foar it personiel. Ek de reden foar it fallisemint is noch net bekend makke.
It stoffebedriuw meldt dat alle winkels foarearst ticht bliuwe.