Stekynsidint yn Snits: twa fertochten oanholden, ien persoan swierferwûne

De plysje © ANP
Oan de Jancko Douwamastrjitte yn Snits hat tiisdei oan it begjin fan de middei in stekynsidint west. By it ynsidint rekke in persoan swierferwûne. De plysje hat twa fertochten oanholden.
Tusken de trije persoanen ûntstie in konflikt. It slachtoffer waard dêrby stutsen. Hy is nei it sikehûs brocht, meldt de plysje.
De twa fertochten wurde ûnderfrege op it plysjeburo. It giet om in 18-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân en in 21-jierrige man út de gemeente Westerwolde (Grinslân).
De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan de stekkerij.