Natuer yn bloei troch de sêfte winter: "Alsof je in het voorjaar loopt"

Boskwachter Henk-Jan van der Veen © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De hege temperatueren fan de lêste tiid hawwe ynfloed op de natuer. Neffens Nature Today hawwe de perioade fan froast en de hege temperatueren dy't dêrop folgen derfoar soarge dat de natuer al úteinset is mei it nije groeiseizoen.
Sa steane de earste hazzenutebeammen en elzen al yn bloei. Fyftich jier lyn barde dit gewoanwei pas healwei febrewaris.
Boskwachter Henk-Jan van der Veen fernimt dat de natuer yn 'e hobbel is. "Het is een uitzonderlijk jaar voor de hazelaar. Het is voor het eerst dat die zo vroeg al in bloei staat. In de bossen van Oudemirdum zie je die overal staan. Het is een beetje alsof je in het voorjaar loopt, terwijl het nog maar januari is."
Gewoanwei komme yn oktober de hazzenuten fan de beam. "Het is afwachten of de noten ook eerder zijn, dat hangt van de zomer af. De noten moeten veel water hebben voordat ze goed rijp zijn."
Boskwachter Henk-Jan van der Veen oer de steat fan de natuer yn in tige sêfte winter
Waarman Jan Jonkman neamt de hege temperatueren fan dizze dagen "hiel útsûnderlik". "It wie de waarmste jierwiksel yn jierren. It hat wol faker om de 10 graden hinne west, mar no kamen der noch 2, 3 graden by."
"We hawwe te krijen mei 'Spaanse pluimen'", giet Jonkman fierder. "De waarmte út de Sahara wei wurdt Europa yn treaun: yn Skandinavië wie it ek waarm, Kiev hie +5 en yn Eastenryk en Switserlân fynst de earste snie pas boppe de 3.000 meter. Ast dizze waarsituaasje yn de simmer hiest, dan hienen we tropyske temperatueren."

Klimaatferoaring?

Jonkman fynt it dreech om de waarsituaasje te keppeljen oan de klimaatferoaring. "It hat wol ynfloed. We bouwe it lân ek fol mei huzen. Dêrtroch giet der hieltyd mear lân ferlern. Sa waarmet it ek hieltyd mear op."
Boskwachter Van der Veen sjocht dat it de lêste jierren waarmer wurdt. "In de jaren 80 had je van die vorstperiodes waarvan je wist dat ze gingen komen. Nu is dat heel anders. Het is elk jaar de vraag of er nog een stevige winter komt. Voor de flora is het wennen dat de winter wegvalt. Als planten in bloei staan en er komt nog stevige vorst overheen, dan heeft dat gevolgen voor de bloeiperiode. Planten kunnen dan gelijk kapotgaan."
Neffens waarman Jonkman hâldt it waarme waar noch wol efkes oan. "Sa't it no liket, geane we nije wike rjochting temperatueren fan normaal, mar dat duorret dus noch wol in pear dagen."