Dizze Warkumer wie jierren de man efter Pelé: "Spitich dat ik him net mear sjoen haw"

Bertus Holkema en Pelé © Bertus Holkema
Bertus Holkema fan Warkum wie jierren bodyguard fan Pelé, it fuotbal-ikoan dat tiisdei begroeven wurdt yn Brazilië. Hoewol't Holkema him goed kennen hat, giet er net nei de begraffenis.
Pelé ferstoar tongersdei op 82-jierrige leeftiid oan de gefolgen fan termkanker. Hy lei sûnt ein novimber al yn it sikehûs. Fan moandei ôf koe it publyk ôfskied nimme yn it stadion fan Santos yn Brazilië. Mear as 150.000 misken kamen dêrfoar nei it stadion.
De âld-fuotballer wurdt tiisdei yn besletten fermidden begroeven yn Santos, dêr't er ek opgroeide.
Holkema is dêr net by, ferklearret er. "Wy hawwe goed kontakt hân mei de dochter fan Pelé, sy hat ús ôfret om dêr nei ta te gean om't de regearing en de klup de hiele organisaasje oernimme. Sels de famylje koe der net te folle oan dwaan, dus wy hawwe besletten der net nei ta te gean."

Jierren efter Pelé

De no 67-jierrige Holkema hat as bodyguard goed fiif jier de befeiliging foar Pelé op him naam, by alle Champions League-wedstriden. "En ik haw ek goed seis wiken mei it WK yn Dútslân yn 2006 by him west. 24 oeren deis wie ik mei him op stap."
Pelé en Holkema © Bertus Holkema
Troch it wurk learden de âld-fuotballer en de befeiliger inoar goed kennen. "Je meie net sizze dat it in freon is, want it bliuwt in klant. Je nimme ek wer ôfskied. Mar ik wit wol alles fan him. Hoe't it mei syn famylje is, wa't er mei en net mei. Hy naam my yn fertrouwen, al is freonskip is in te grut wurd."
It is hiel hurd gien, dêr binne wy flink fan skrokken.
Bertus Holkema, âld-bodyguard fan Pelé
Dêrom fynt Holkema it ek spitich dat er Pelé net mear troffen hat foar't er ferstoar. "In pear moannen lyn haw ik him noch sprutsen, doe't er it sikehûs yn rekke. Letter hold ik noch mei syn dochter kontakt. It is hiel hurd gien, dêr binne wy flink fan skrokken."
Uteinlik woe er sels ek net mear, seit Holkema. "Hy woe ek net mear mei minsken prate. Yn in lyts fermidden hat er him taret op de ein."
Bertus Holkema oer Pelé
Holkema sjocht werom op Pelé as in 'minskeminsk.' "Minsken mei in grutte beurs seine him neat. Hy wie in fuotbalgek, dy't ek tige entûsjast oer it Nederlânske fuotbal wie. De gewoane minsk, dêr stie er altyd foar."

Nei de mûle praat

Dat Holkema earlik en dúdlik tsjin him wie, koe it fuotbalikoan goed wurdearje. "Hy frege my oft ik Cruijff koe. Dy koe ik frij goed, om't ik ek foar de Johan Cruijff Foundation wurke."
Dêrop frege Pelé oan Holkema wa't er better fuotbaljen fûn. "Doe wie ik earlik en haw ik sein: ik haw Cruijff mear yn it echt spyljen sjoen, fyn him better en krekt wat flugger. Hy sei: dat fyn ik no sa moai, want alle minsken dêr't ik mei omgean, prate my nei de mûle."
In kado fan Pelé © Bertus Holkema
De Fryske bodyguard bleau yn it earste plak ferantwurdlik foar de feiligens fan de fuotballer. "As er net nei my harkje woe, sei ik: doch it dan mar sels. Dan gean ik net mei. Dat fûn er prachtich, dat ik dêr sa foar stie en it my net om it jild gie."

Fan Madonna oant Mick Jagger

Holkema hat ek oan it wurk west foar Mick Jagger, Madonna, Robbie Williams en de Spice Girls. Mar mei artysten is it oars wurkjen as mei fuotballers, sa murk Holkema. "Mei artysten sitte je allinne op in fleanfjild, yn in priveejet, hotel of 'venue' dêr't sy optrede moatte. Mar mei in fuotballer binne je folle persoanliker oan it wurk."
Fjochtsituaasjes hat Holkema nea mei Pelé meimakke. "As in bodyguard fjochtsje moat, dan hat er it ek net goed dien. Mar ik bin wolris mei him op 'e flecht slein. Wy kamen by in hotel dêr't in soad supporters stiene, fan wa't wy net wisten oft it no goede of ferkearde supporters wiene. Wy hawwe besletten in oare yngong te kiezen", sa beslút er.