It ferhaal efter de Marktplaats-grap: "Ik wenje neist de brêge fan Twellingea"
De advertinsje op Marktplaats wêryn't de brêge fan Twellingea oanbean waard gie 'viral': in soad minsken koene der om laitsje, mar der siet in serieus ferhaal efter fan Bauke van der Meer, dy't njonken de brêge wennet.
"It wie eins wat in grapke yn de mateploech, mar it gie hiel hurd", jout Van der Meer ta. Hy besocht mei de advertinsje omtinken te freegjen foar de minne steat fan de brêge en it efterstallich ûnderhâld.
Goed in wike lyn die bliken dat de brêge by Twellingea ôfbrokkelet. De brêge wurdt folle yntinsiver brûkt no't de A7 der út leit om't in part fan it akwadukt ûnder it Prinses Margrietkanaal omheech komt. Der binne no ferkearsljochten pleatst en alles smyt in soad hinder op.
"It is goed oan pún"
Dêrom wie de Marktplaats-advertinsje ek net allinne foar de grap. "Ik wenje derneist. Wy komme min de dyk op. It is ferskriklik drok en ik tink datst fan De Jouwer nei Snits wol trije kertier wurk hast, en oarsom. Je hawwe der oerlêst fan. It is goed oan pún", fertelt Van der Meer.
Hy wennet op in pleatske, sa'n 500 meter by de brêge wei. "Wy brûke dy brêge fjouwer, fiif kear deis, dus wy hawwe der wurk fan. In hiel soad minsken mei ús."
Aldergeloks hat er noch net in soad te lijen fan it frachtferkear dat de rûte nimt, seit er. "Wy hawwe dêr noch net safolle lêst fan, want wy hawwe de wyn oan de goede kant stean. No't de sneldyk der út leit hawwe wy it just efkes rêstich."
De brêge is al in hiel skoft min, fertelt Van der Meer. "Ferline jier hawwe wy ek alris yn it doarpshûs west om te praten oer in nije tunnel of brêge. Mar it jild wie op. Ik tink dat der no wól jild komt."
Hielendal ôfsletten
Freed krijt de brêge nij asfalt en dêrom giet de brêge in dei hielendal ticht. "Wy hawwe iten en drinken ynslein, wy sille sjen oft wy it rêde kinne dy dei", seit Van der Meer.
Tal fan reaksjes
Yntusken fleagen de reaksjes op de advertinsje Bauke van der Meer om de earen. "5 euro en een bounty", biedt ien op Facebook. In oar seit: "Ze bezorgen niet, is een ophaalbrug."
"Het is meer iets voor metaalhandel de Horne , versnipperen en omsmelten", jout in oar oan. "Die van de Tille krijg je er gratis bij", lit in oare reaksje witte.
Van der Meer: "Ik krij in soad reaksjes. It begûn mei in pear tientsjes, in pear maten woene 'm wol keapje as fiskbrêge. Mar der waard sa oerhinne bean, wy hawwe 'm goed ferkeapje kinnen."