Net allinnich asfalt, ek it beton driget omheech te kommen yn it akwadukt by Twellingea

In nuver gesicht: in fierder lege A7, allinne mei tal fan bigbags © Omrop Fryslân
It is noch lang net te sizzen wannear't de Prinses Margriettunnel yn de A7 by Twellingea wer iepensteld wurde kin foar it ferkear. Dit âlde akwadukt waard ferline wike ôfsletten foar al it ferkear, omdat it asfalt yn de tunnel omheech kaam.
Rykswettersteat is no op syk nei de krekte oarsaak fan it probleem én de bêste oanpak om de tunnel wer te reparearjen.
Op dit stuit docht bliken dat net allinnich it asfalt omheech driget te kommen, mar ek it beton dêrûnder. Der wurde dêrom ekstra sânsekken pleatst om de ekstra tsjindruk te bieden en te foarkommen dat de tunnelbak ûnder wetter komt te stean.

"Er is meer aan de hand"

Deputearre fan ferkear Avine Fokkens is skrokken fan de problemen mei it akwadukt fan Rykswettersteat. "Dat niet alleen het asfalt maar ook het beton omhoog komt, duidt erop dat er meer aan de hand is. Een mogelijke oorzaak zou kunnen zijn dat er iets mis is met de trekankers onder de grond."
"Als dat zo is kan het maanden duren, voordat het probleem is opgelost en dat is natuurlijk ontzettend vervelend voor alle mensen die er dagelijks langs moeten", seit de deputearre.
Deputearre Avine Fokkens oer de problemen mei it akwadukt
It is it doel dat der in 'krisisteam akwadukt' formearre wurdt fan Rykswettersteat, provinsje en gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân om mei-inoar sa goed mooglik te kommunisearjen oer it wurk oan it akwadukt en de bêste omliedingrûten.
Foar Rykswettersteat hat it oplossen fan it probleem mei dit akwadukt in hege prioriteit, neffens Fokkens. "Ze hebben er een goede projectmanager op gezet. Ik vrees dat die onrustige kerstdagen tegemoet gaat."

Alternative rûten dreech te finen

Alternative rûten foar it frachtferkear dat út Snits wei nei it suden moat, binne net sa maklik te betinken omdat de brêge by Spannenburch mar in beheinde aslêst drage kin. De brêge fan de âlde Rykswei by Twellingea stiet ek te boek as 'kwetsber', mar hat noch gjin aslêstbeheining.
De Prinses Margriettunnel is boud yn de jierren '70 fan de foarige iuw foar 40 miljoen gûne. By it âldste akwadukt fan Nederlân yn de A4 tusken Amsterdam en Rotterdam wiene earder al problemen mei lossketten ankers. Rykswettersteat ûndersiket dêrom oft dat ek by Twellingea de oarsaak fan de problemen wêze kin.
Nochris Avine Fokkens oer de Prinses Margriettunnel