Soad Fryske jongeren ha winsk om te ferhûzjen

Twa minsken besjogge it wenningoanbod op 'e Jouwer en omkriten © ANP
Twa op de trije Friezen tusken de 18 en 30 jier tinke der wolris oer nei om te ferhûzjen. Guon fan harren wolle miskien fuort, oaren wolle perfoarst in oar plakje fine.
Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). Allinnich yn Grinslân is it persintaazje jongeren mei in ferhûswinsk krekt wat grutter. Yn Seelân en Oerisel ha de minste jongeren de neiging om te ferhûzjen.
Lanlik wol ien op de fiif jongeren perfoarst ferhûzje. Nochris alve prosint seit dat se wol ferhûzje wolle, mar dat se neat fine kinne. Dy groep is de ôfrûne seis jier mear as ferdûbele (fan 4,6 nei 11 prosint). It oandiel jongeren dat wol ferhûzje wol, mar gjin oar plak fine kin, is sûnt 2015 it botst tanaam ûnder jongeren dy't hiere by in private ferhierder.
31 prosint wol miskien wol ferhûzje, mar is dêr minder wis fan as de earste twa kategoryen.
Earder ûndersyk fan it CBS liet sjen dat 9,2 prosint fan de mearderjierrige thúswenjende bern yn Fryslân wol ferhûzje wol, mar neat fine kin.
Net allinnich 18- oant 30-jierrigen dy't noch thús wenje wolle graach in oar plak (ien op de trije). Ek jongeren dy't hiere by in korporaasje of by in private ferhierder ha geregeld in ferhûswinsk (35,6 en 38,3 prosint). Wa't in keaphûs hat, wol it minst faak ferhûzje: ien op de tsien.
De jongeren dy't ferhûzje wolle, wolle leaver in keaphûs as in hierhûs: 54 om 46 prosint. Dat komt benammen troch de 25- oant 30-jierrigen: fan har wol 70 prosint in keaphûs. By de jongeren oant de 25 jier is dat 42 prosint.
In soad jonge húshâldens binne yn 2020 en 2021 ek al ferhûze. Benammen yn de groep fan 18 oant 25 jier wie dat oandiel heech: 62 prosint hat in oar plak fûn. Dat is noch wol minder as by foarige mjittingen fan it CBS.
De ôfrûne jierren is it tal 18- oant 30-jierrigen dat noch by har âlden wennet tanaam, fan 44 prosint yn 2012 nei 53 prosint ferline jier. Ek binne der mear jongeren dy't in wenning hiere by in private ferhierder. Jongeren wennen just minder faak yn in korporaasjewenning of yn in keaphûs.