Provinsje Fryslân stribbet nei Fryske oantsjuttingen op ID-kaart en rydbewiis

Deputearre Sietske Poepjes © Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân soe graach sjen dat it Frysk in plak krijt op offisjele dokuminten as ID-kaart, paspoart en rydbewiis. Dêr't no noch 'permis de conduire' stiet yn it Frânsk, kin likegoed 'rydbewiis' stean, seit deputearre Sietske Poepjes.
De provinsje sil as earste stap útsykje hokker wetten feroare wurde moatte om dit mooglik te meitsjen en wol hjir de kommende tiid ek aktyf foar lobbye. "Wy wolle dat der mear Frysk te lêzen is op offisjele dokuminten", seit Poepjes. "Wy wolle dat as je je paspoart pakke, dat der net inkeld 'family name' en 'nomme de famille' stiet, mar ek 'efternamme' of 'famyljenamme' yn it Frysk.

Meartalige dokuminten

Poepjes wiist derop dat it Feriene Keninkryk ek paspoarten útjout mei offisjele oantsjuttingen yn it Welsk en Skotske Gaelic njonken it Ingelsk. Ek lannen as België en Switserlân hawwe al hiel lang meartalige dokuminten. "De efterlizzende gedachte is dat it Frysk net inkeld in ynformele taal is foar de merk of de jierdeibesite, mar ek in folwoeksen wurktaal."
Op it plak fan 'lieu de naissance' kin likegoed 'berteplak' stean.
Sietske Poepjes, deputearre
De deputearre giet derfan út dat minister fan Ynlânske Saken Hanke Bruins Slot wol iepenstiet foar mear Frysk yn mear formele domeinen. "Dit tinke je net even op in freedtemiddei út op in bierfiltsje. Wy sille ús earst ferdjipje yn hokker wetten allegearre oanpast wurde moatte om dit mooglik te meitsjen."
Poepjes kin har goed foarstelle dat dizze ambysje meinommen wurdt yn de petearen tusken Ryk en provinsje oer de earstfolgjende Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer BFTK. "Dit is net samar in betinksel. It is ús mienens. Op it plak fan 'lieu de naissance' kin likegoed 'berteplak' stean."
Deputearre Sietske Poepjes
De Jongfryske Mienskip freget de provinsje al in pear jier om wurk te meitsjen fan mear Frysk op offisjele dokuminten. Foarsitter Sander Hoekstra fan de organisaasje is bliid dat de provinsje no de earste stap set hat.
De organisaasje hat de ôfrûne jierren krewearre foar Frysktalige donorformulieren en ek, yn de coronatiid, foar in Frysktalige jûnsklokferklearring. Dy dokuminten kamen der nei ferrin fan tiid, neidat deputearre Poepjes it Ryk hjir om frege.
De stimming yn de Twadde Keamer is aardich pro-Frysk de lêste tiid.
Sander Hoekstra, foarsitter Jongfryske Mienskip
In plak foar it Frysk yn offisjele dokuminten soe neffens Hoekstra yn ien klap de offisjele status fan it Frysk dúdlik meitsje. "We hawwe earder in oanfalsplan sichtberens presintearre mei tsien foarstellen. Dit is ien fan dy foarstellen. Wy fine it echt geweldich dat de provinsje dit no oppakt." Hoekstra tinkt dat it foarstel seker net kânsleas is yn Den Haag. "De stimming yn de Twadde Keamer is aardich pro-Frysk de lêste tiid."
Hoekstra fynt it ek foar it imago fan de taal by de Friezen sels wichtich dat de taal in plak krijt op ID-kaart en rydbewiis. "Us jongerein hat neat mei it Frânsk. Mar as de eigen memmetaal op de offisjele dokuminten stiet, dan jout dat in waarm gefoel."
De Jongfryske Mienskip utere earder ek de winsk om de Fryske identiteit offisjeel te registrearjen op identiteitspapieren, mar lit dy winsk no earst even lizze. "We moatte stapke foar stapke, earst hjir mar mei begjinne."
Foarsitter Sander Hoekstra fan de Jongfryske Mienskip