Brêge by Strobos nei oanfarring mei frachtskip wer iepen foar ferkear

De brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Strobos is nei ynspeksje fan Rykswettersteat wer iepen foar ferkear. De brêge wie ôfsletten nei't der tiisdeitejûn in Dútsk frachtskip tsjinoan fear.
Dat barde om 20.20 oere hinne. Der binne neffens de plysje gjin minsken ferwûne rekke. "It stjoerhûs fan it Dútske binnenfeartskip is wol yn it wetter rekke", fertelt Anne van der Meer fan Rykswettersteat. Ek de brêge, dy't de Miedwei mei Strobos ferbynt, rekke skansearre. De brêge koe dêrtroch koarte tiid net mear brûkt wurde troch it ferkear op 'e dyk en skippen.
Mei dûkers en in kraan binne stikken fan it stjoerhûs út it wetter helle. De plysje en Rykswettersteat ûndersykje de oanfarring.
Frachtskip ramt brêge by Strobos