Ried fan Steat wiist protest ôf: ôfsjitten fan guozzen yn Fryslân mei trochgean

Blesguozzen tusken de pauguozzen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De provinsje kin trochgean mei it ôfsjitten fan guozzen yn Fryslân. De Ried fan Steat hat woansdei in protest fan de Nederlandse Vereniging tot Bescherming van Vogels tsjin dit ôfsjitten ôfwiisd.
Dy feriening fersette him tsjin it Faunabehearplan fan de provinsje. Yn 2019 is besletten dat der alle jierren maksimaal 200.000 guozzen ôfsketten wurde meie. It jier dêrop is dat werombrocht nei 150.000. De Ried fan Steat fynt dat de provinsje de sifers wol better ûnderbouwe moat as yn eardere besluten.

Skea

Ferskate soarten guozzen soene foar miljoenen euro's oan skea oanrjochte ha oan gewaaksen fan boeren. Yn Fryslân wurdt in saneamde push en pull-strategy hantearre: guozzen bûten oanwiisde foeraazjegebieten en Natura2000-gebieten wurde ferjage, guozzen derbinnen wurde mei rêst litten.
De Fûgelbeskerming ferset him dus tsjin it ôfsjitten fan de bisten. Ferjeie mei lawaai wurket neffens harren likegoed. Boppedat soe neffens de feriening it opjeien fan guozzen yn de winterperioade gjin doel ha, omdat se dochs gjin skea oanrjochtsje oan gers.