Takomst Skylger festival Eilân net wis troch sân rjochtsaken

© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Mei festival Eilân takom jier wol holden wurde op Skylge? Dy fraach stie tiisdei sintraal yn de Grinzer rjochtbank. De gemeente, provinsje en eilanners bepraten leafst sân saken by de rjochter.
Om in festival te organisearjen op Skylge binne trije fergunningen nedich: in natuerfergunning, in omjouwingsfergunning en in evenemintefergunning. Eilân koe dit jier net trochgean troch dy lêste. Foar it ôfjaan sjocht de gemeente nei de iepenbiere oarder en feiligens. Dit jier konkludearre Skylge dat dat net yn oarder wie.

Mear stikstof

De natuerfergunning - troch Provinsje Fryslân ôfjûn foar fiif jier - soarge foar beswier fan in groep eilanners. Under oaren fanwege stikstof; troch it festival soene der tûzenen minsken ekstra nei it eilân komme.
De eilanners begûnen dêrneist in saak tsjin de provinsje oer it stiltegebiet. Foar it festival moat nammentlik in ûntheffing jûn wurde om mear lûd te meitsjen. Dy ûntheffing is ferliend foar de kommende fiif jier, mar dat is neffens de eilanners net terjochte.
De rjochtbank yn Grins © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Ek de gemeente Skylge moast tiisdei foar de rjochter ferskine, fanwege de omjouwingsfergunning. Dêryn wurdt sjoen nei de gefolgen fan in evenemint foar miljeu en omwenners.
Neffens de omwenner wie der net genôch sjoen nei harren belang. "As wy hjir net de omjouwing binne, wa dan wol? En wêrom is der dan noch in omjouwingsfergunning?", fertelde ien fan de beswiermakkers.