Winamer Belang dielt sâlt út oan Steateleden en freget om 'rjochtfeardige skearegeling'

Rinze Post sprekt de Steateleden ta út namme fan Winamer Belang © Omrop Fryslân
In delegaasje fan Winamer Belang freget oan deputearre Friso Douwstra en Provinsjale Steaten om in 'flotte en rjochtfeardige' behanneling fan de skea troch sâltwinning yn it doarp. Yn de hal fan it provinsjehûs krigen de fraksjefoarsitters in kilo sâlt, mei dêrby in pittige brief.
Wurdfierder Rinze Post (82) fan de delegaasje fielt him neffens eigen sizzen 'besoademitere' troch de provinsje Fryslân, ek omdat er earder noait in ynhâldlike reaksje krige op in earder skriuwen oer de skea troch sâltwinning.
De Winamers kamen nei it Provinsjehûs mei in kroade fol sâlt, pamfletten en spandoeken. It wiene trouwens net allinnich Winamers, mar ek Grinslanners. It giet om in beweging fan minsken dy't lêst hawwe fan gaswinning en de winning fan oare mineralen, ek om minsken dy't by lytse gasfjilden wenje.

Omkearde bewiislêst

Foar it grutte gasfjild yn Grinslân jildt de saneamde 'omkearde bewiislêst': as dêr skea ûntstiet, hoege de bewenners net te bewizen dat de gas- of sâltwinning de oarsaak is, dêr wurdt dan fan útgien. De Winamers soene ek graach sa'n regeling hawwe wolle foar de sâltwinning.
Dat ferskil tusken stêd en plattelân fyn ik net rjochtfeardich en dat frustrearret.
Rinze Post
"Je sjogge dat der yn Harns kontinu metten wurdt, mar yn Winaam net. En dat wylst de boaiemdelgong by ús mei 35 sintimeter in stik grutter is. Dat ferskil tusken stêd en plattelân fyn ik net rjochtfeardich en dat frustrearret", seit Post.
De Winamer fynt dat der in 'earlike en rjochtfeardige regeling' komme moat foar eltsenien dy't skea hat troch boaiemsakjen, of dat no troch sâltwinning komt of troch oar minsklik hanneljen.

Reaksje Douwstra 'binnen ridlike termyn'

Deputearre Douwstra sei de Winamers woansdei ta dat se 'binnen ridlike termyn' in offisjele reaksje krije fan it provinsjaal bestjoer.
Douwstra krige fansels ek te hearren dat de Winamers ûntefreden binne oer de provinsje, mar Douwstra sels sit der noch net sa lang. Hy hat al wol in kear in bakje kofje dronken mei de Winamers om harren ferhaal te hearren. Hy wiisde der ek op dat de Twadde Keamer koartlyn in moasje oannommen hat oer delfstofwinning dy't útsprekt dat de gebieten dêr't dit noch bart hjir fan meiprofitearje moatte en seker net met skea achterbliuwe meie.
Harkje nei Rinze Post fan Winamer Belang