We krije gjin wite krysttiid dit jier, en dat is eins hiel normaal

It sil reine kommende krystdagen © ANP
By in soad minsken is der yn desimber stille hoop op dwarreljende snieflokken by it oansnijen fan de krystbôle. Foar dizze groep is der lykwols min nijs: der sil op dizze dagen allinnich rein falle.
Snein earste krystdei sil de loft benammen berûn wêze, seit Omrop-waarfrou Tjitske Wiebenga. "Miskien komt der oerdeis in bui. En dy kâns nimt ta by it foarderjen fan de dei, want yn de nacht fan snein op moandei komt der in depresje oer ús lân hinne."
"Dêrom sil der nei alle gedachten flink wat rein falle op twadde krystdei", seit Wiebenga. "It wurdt dus in wiete krysttiid." De temperatuer op beide dagen skommelet sa om de seis graden hinne.

Lêste wite krystdagen

De lêste kear dat it yn Fryslân snijde mei de krystdagen, datearret fan 2010. Al wie dat oeral it gefal. "Foar in echt pak snie moatte we noch in jier werom gean. Want yn 2009 wie de hiele provinsje bedutsen mei in wite laach."
Nettsjinsteande dat wy krysttiid faak assosjearje mei snie, is it in seldsume kombinaasje: it is sûnt 1901 mar acht kear foarkaam, meldt it KNMI.

Krystdepresje

Om de krystdagen hinne giet de temperatuer faak omheech. Dizze saneamde krystdepresje stjoert de waarmere lucht nei West-Europa. Om dy reden leit it lanlik gemiddelde op dizze dagen tusken de 5 en 10 graden.
Wat dat oanbelanget hawwe we dit jier in hiel normale krysttiid.