Skoallen Dantumadiel litte kamera's pleatse om oerlêst en fandalisme

Cbs De Boustien yn De Westereen © RTV NOF
Skoallen yn Dantumadiel meie tenei kamera's ophingje oan harren gebouwen of op harren pleinen. De folsleine gemeenteried stimde dêr tiisdeitejûn mei yn. By meardere skoallen yn de gemeente is der sprake fan oerlêst en fandalisme.
It giet om sa'n 20 jongeren fan 16 oant begjin 20 jier. Dy groep komt sa út en troch byinoar en dat rint somtiden út de hân, seit wethâlder Gerben Wiersma. "Jongeren rieden ûnder mear mei de scooter troch de biblioteek. Minsken dy't der wurkje en der wat fan sizze, krije in grutte mûle werom. Dat fine se bedriigjend oerkommen. Guon doare dêrtroch net mear nei it wurk ta."

Te let te plak

De oerlêst en fernielingen wurde meld by de plysje. Dy komt lykwols te let te plak; de jongeren binne dan alwer fuort. Tiid foar maatregels dus, fynt de ried. Ien dêrfan is it ophingjen fan kamera's.
"De oerlêst wurdt hieltyd slimmer, dus dit is echt nedich", seit Wiersma. "Op De Westereen hingje se al. Oft en wannear't de oare skoallen se wolle, is oan harsels. De skoallen hoege se yn alle gefallen net sels te beteljen." As der wat op de kamerabylden te sjen is, wurde de bylden trochstjoerd nei de plysje. "Sa wolle wy achterhelje wa't de dieders binne."

AVG

Yn de riedsgearkomste wiene der trouwens wol wat soargen oer it filmjen fan de iepenbiere romte. "Krije wy hjirmei as gemeente gjin problemen mei de AVG?", murk fraksjefoarsitter Ferry van der Ploeg fan FNP op. Boargemaster Agricola koe dy soargen fuortnimme as portefúljehâlder iepenbiere oarder en feiligens fuortnimme: "Der binne strange regels kwa AVG en dêr hâlde wy ús oan. De plysje is derby belutsen, dus dat ha wy goed ôftichte."
Wiersma sjocht yn dat jongeren in plakje nedich hawwe. "Dêrom is der ek kontakt mei jongereinwurk. Der moat in geskikt plak foar harren komme, dêr't se gjinien ta lêst binne."

Breder probleem

It probleem spilet net allinnich yn De Westereen. De ôfrûne jierren kloppen der hieltyd faker skoallen oan by de gemeente foar bekostiging fan kamerasystemen by harren gebouwen en pleinen. Skoallen binne hieltyd faker bûten skoaltiden iepen, sadat learlingen ek dan fan it plein gebrûk meitsje kinne. Dat lûkt út en troch ek oare gasten.
Om de bykommende problemen tsjin te gean, wurdt der, neist kamerabefeiliging, ek ekstra tafersjoch hâlden troch boa's, wykaginten en plysje.