Sirkus drok mei opbou yn Ljouwert foar earste krystfoarstelling yn trije jier

Krystsirkus foar it earst yn trije jier wer
Foar it earst yn trije jier is der wer in krystsirkus fan Sander & Friends. Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert binne se drok dwaande mei de opbou fan it sirkus, want op earste krystdei meie se wer los. Ta grutte blydskip fan Sander Balk fan it krystsirkus.
Se spylje oant en mei 30 desimber en dan moat yn ien dei alles wer ôfbrutsen wurde. Dêrnei wurdt de tinte opboud yn Snits foar it âld en nij-sirkus.