Bysûnder poppenijs yn Sanjes Safari: miny-ezel Maria krijt in lytse

Eigener Wimer Visbeek fan Sanjes Safari © Omrop Fryslân
In stâl mei ezels, mei Maria en in lytse: neist dat it hiel krystich klinkt, is it ek hiel bysûnder. De lytse is nammentlik in krekt berne miny-ezel en de mem hjit Maria. Ezels wurde faak yn de maitiid berne, mar by Sanjes Safari yn Feanwâlden barde it yn desimber.
Neffens eigener Wimer Visbeek wie de bistedokter al fernuvere en skeptysk. Dat de 82 sintimeter hege ezel drachtich wie, wie dúdlik, mar it tiidpaad strookte net mei de natuerlike dracht. Dochs hat it boarters- en bistepark der no in sûne fôle by.
It is lykwols net allegearre blydskip yn it park. Visbeek sit yn oer de hege kosten fan it iten fan de ezels en alle oare bisten. Dat is mei 50 prosint omheech gongen en dêrom moat hy dêrfoar 7.000 euro yn it jier ekstra betelje.
Miny-ezel berne yn Sanjes Safari
Al is dat noch wer in lyts bedrach, ast sjochst nei de enerzjyprizen. It bisteferbliuw moat waarm wêze, mar it indoor boartersdiel is noch wichtiger. Hjir boartsje alle dagen bern en dy moatte it net kâld krije. "Kâld kin gewoan net, dat is gjin opsje", seit Visbeek. Dus dan mar hegere kosten.

50.000 euro ekstra enerzjykosten

De eigener hat útrekkene dat hy 50.000 euro ekstra oan enerzjykosten betelje moat. It is in protte jild, mar hy bliuwt der rêstich ûnder. Troch de coronatiid hat Visbeek leard dat je begryp ha moatte en foarútsjen moatte. Hy fynt it wichtich om dizze klap sels op te fangen en de kosten net troch te berekkenjen oan de gasten.
"It is wol behoarlik slim", jout Visbeek ta. "De tanommen kosten allinnich dit jier binne wol 1,50 oant 2 euro de besiker. As we de yntreekaartsjes ferheegje mei 2 euro, dan bin ik bang dat der minder minsken komme. Dus dan sjitte je der ek neat mei op."
De ezelsfôle is in famke en hat noch gjin namme. Dêrom is woansdeitemoarn in oprop foar in namme dien yn ús radioprogramma Fryslân fan 'e moarn. Suggestjes kinne trochstjoerd wurde fia de Omrop-app.
Hy hopet yn alle gefallen dat de lytse ezel wat ekstra publyk lûkt de kommende feestdagen en dêrmei de finansjele ôffallers foar in part kompensearje kin.
Mem en dochter sitte op it stuit noch binnen yn in stâl, skieden fan de oare twa ezels yn it park, yn Donkeytown. De heit is in dominante ezel en de lytse moat earst sterk genôch wêze om yn itselde ferbliuw te kinnen. Oant dy tiid sitte se waarm yn it ferbliuw mei kavia's, kninen, ferskate fûgels en geiten.