A7 nei Grins ticht om’t in telekraan by Fryske Peallen yn ‘e brân stie

De teleskoopkraan op de flechtstripe © Noordernieuws
Op de A7 by Fryske Peallen stie in telekraan yn ljochte lôge, yn de rjochting fan Grinslân. De A7 waard foar de feiligens ôfsletten foar ferkear, om't der risiko wie dat de bannen fan de kraanwein ûntploffe. De dyk yn de rjochting fan Grins giet pas yn de jûn wer iepen.
De wein stiet op de flechtstripe. Helptsjinsten binne op it plak fan de brân. De kraanwein stiet presys by it boerd dat de provinsjegrins oanjout. Der is net bekend makke oft der ek slachtoffers binne troch de brân.
De melding kaam om 07.35 oere hinne binnen. Letter skaalde de brânwacht op nei in grutte brân. De wiene earst trije brânwachtweinen op it plak, mar de brânwacht fan Grinslân hat noch in ekstra wein en wetterwein oproppen.

A7 ticht

It ferkear koe der yn 't earstoan noch del, mar der ûntstie fertraging op de dyk en dêrnei waard in rydstripe en dêrnei de hiele A7 nei Grins (tusken ôfrit Drachten-sintrum en ôfrit Fryske Peallen) ôfsletten.
Rykswettersteat hat dêrnei ek de sneldyk yn 'e rjochting fan Drachten ôfsletten, mar yntusken is de dyk yn dy rjochting wer frijjûn. De brânwacht hat it ynsidint oerdroegen oan Rykswettersteat, dy't de berging docht fan de wein.

Lang ticht

De fertraging wie grut: om 08.15 oere hinne wie der mear as in oere fertraging fan Drachten ôf. It ferkear nei it Noarden wurdt omlaat fan knooppunt It Hearrenfean ôf oer de A32 en A28. It ynsletten ferkear is úteinlik fan de A7 ôf begelaat.
Foardat de ôfrit by Fryske Peallen yn de rjochting fan Grins wer iepen kin moat de telekraan earst fuorthelle wurde. Ferkear yn de rjochting fan Grins kin omride oer de A32 en A28 fia Meppel.
Rykswettersteat wurket der hurd oan de dyk wer iepen te krijen, allinne de rjochter rydstripe en de ôfrit Fryske Peallen yn 'e rjochting fan Grinslân binne noch ticht. Om 20.00 oere giet de dyk tusken Drachten-sintrum en Fryske Peallen ticht foar de wurksumheden. De ferwachting is dat dit wurk oant middernacht duorret.
A7 nei Grins ticht troch telekraan dy't yn brân stiet