Doarpsbelangen en ûndernimmers pleitsje foar flugge bus tusken Kollum-Drachten

In bus fan Arriva dy't net rydt © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
As Arriva gjin busferbining foar ús regelje kin, dan dogge wy it sels wol. Dat is it idee fan sân doarpsbelangen en ûndernimmers yn it noardeasten fan Fryslân.
It is foar de doarpen yn de regio dúdlik wurden dat ferfierder Arriva drastysk yn it iepenbier ferfier snije sil. Soks giet te'n koste fan de leefberens, sa is men fan betinken. Dêrom is der op eigen manneboet in plan betocht.
Foarsitter Abbe Borger fan Handel & Industrie Surhuisterveen leit út: "Je ziet dat Arriva best moeite heeft om reizigers in de bus te krijgen. Je kunt wel wijzen, maar je kunt ook meedenken over oplossingen. We hebben aangegeven bij Arriva: laat ons aanschuiven en meedenken over hoe het anders kan. Daar werd niet op gereageerd, daarom proberen we zelf een alternatief te bedenken."

Elektryske busline

It plan is om in flugge en elektryske busline tusken Kollum en Drachten oan te lizzen. Dy moat net troch de doarpen riden, mar der moatte wol opstapplakken by de rûte del komme. "Kollum ligt vlakbij Buitenpost, daar zou je een lijn neer kunnen leggen richting het station, zodat scholieren uit Kollum ook makkelijker in Drachten komen."
De pleatslik belangen fan Stynsgea, Bûtenpost, Gerkeskleaster, Kollum, Surhuzum, Surhústerfean en de Grinzer Pein wolle dêr graach oer yn petear.
De nije busferbining moat oanslute op it stasjon yn Bûtenpost © Atze van der Ploeg
De ûndernimmers dy't by Achtkarspelen Bedrijven Contact, H&I Surhuisterveen en Handelsvereniging Kollum oansletten binne, fine dat ek en yn 'e mande mei-inoar is der in brief skreaun oan de gemeenten Noardeast-Fryslân, Achtkarspelen, Smellingerlân en Westerkwartier.
De doarpsbelangen en ûndernimmers hoopje op mear draachflak en stipe fan partijen dy't der mooglik yn ynvestearje wolle. Borger neamt de Rabobank, wêrfan't er hopet dat út de duorsumensambysjes wei mooglik wol ynteresse is.

It foarstel foar de rûte

Ut Kollum wei soe der in earste halte by it stasjon yn Bûtenpost komme moatte (foar de oansluting op de trein). Dêrnei in halte by Blauferlaat, in halte by Surhuzum en in halte by it bedriuweterrein Surhústerfean. Mooglik soe der by de carpoolstripe by de A7 ek noch in halte komme kinne foar bygelyks reizgers fan Drachtsterkompanije.
De lêste halte is dan it transfearium Drachten-East, dêr't de line oanslute kin op ferskate oare bussen.
"Als je de buslijn over de N-weg neerlegt, kan de lijn mooi bij de dorpen langs en is de verbinding veel sneller en aantrekkelijker. Als ik nu op de bus moet stappen naar Buitenpost, ben ik op de fiets vanuit Surhuisterveen veel sneller dan met de bus", jout Borger oan.
Foarsitter Abbe Borger fan Handel & Industrie Surhuisterveen