Stroomnet no ek yn Drachten en Snits op slot: maksimale kapasiteit berikt

It stroomnet (argyffoto) © ANP
Der binne nije knyppunten op in elektrisiteitsnet yn Fryslân. Yn Drachten en Snits is de maksimale kapasiteit fan it net berikt. De boel stiet op slot: grutte bedriuwen dy't stroom wolle, komme earst op in wachtlist.
Liander wol ynsette op 'kongestjemanagement': dêrby freget de netbehearder oan de grutste stroomferbrûkers om har pykferbrûk letter yn te plannen of oare enerzjyboarnen te brûken. Dat docht it net allinne by Drachten en Snits, mar ek by Wommels, foar it ferbrûk en de weromlevering fan stroom.
Foar konsuminten en ûndernimmers yn de regio's fan Drachten en Snits dy't al in kontrakt mei Liander hawwe, hat it gjin gefolgen, foar plande nijbou is al kapasiteit reservearre.
Nije knyppunten op in elektrisiteitsnet yn Fryslân: Drachten en Snits
Ofrûne maitiid liet Liander al witte dat in part fan it ferdielstasjon Drachten de maksimale kapasiteit berikt hie. No is dat by in oare ynstallaasje ek it gefal. Undernimmers yn de regio dy't har fêstigje wolle of dy't mear stroom brûke wolle, komme op in wachtlist.
Liander wurket op ferskate plakken, yn it sintrum en it bûtengebiet fan Drachten, oan it stroomnet.

Snits

Yn Snits fernimt Liander benammen dat de fraach nei stroom troch ûndernimmers yn de regio grutter as as de ferswiering en útwreiding fan it elektrisiteitsnet.
It betsjut dat ûndernimmers dy't har op it bedriuweterrein Hemmen 3 fêstigje wolle of besteande bedriuwen dy't ekstra kapasiteit wolle, op in wachtlist pleatst wurde moatte. De netbehearder kin har pas helpe as der mear kapasiteit is.
Meiwurkers fan Liander (argyffoto) © ANP
Liander wurket oan it ferswieren en útwreidzjen fan it net yn it súdeasten fan Snits, om genôch kapasiteit foar bedriuwsterren Hemmen 2 en 3 te regeljen.
Ek wol Liander op termyn in nij elektrisiteitsstasjon yn Snits. Men wol mei Súdwest-Fryslân yn petear oer oare oplossingen.

Wer wat mear romte op It Hearrenfean

By It Hearrenfean spilen earder deselde problemen, mar Liander kin yn Aldehaske in nije ynstallaasje yn gebrûk nimme. Dêrtroch komt der wer romte op it net foar alve ûndernimmers dy't op stroom wachtsje. Liander neamt it in 'earste stap.'
It stroomstasjon fan Liander oan de Tussendiepen yn Drachten © ANP
De kommende tiid wol Liander hast 40 kilometer kabels oanlizze nei it bedriuweterrein en wol ek 17 nije transformatorhúskes bouwe. Njonken grutferbrûkers is de ekstra kapasiteit ek bedoeld foar sinnestroom.

Utwreiding

Liander hat net allinne yn Fryslân problemen, mar ek op it net yn Flevolân, Gelderlân en Noard-Hollân. Troch de tanimming fan de fraach nei stroom en de flugge opkomst fan sinne- en wynenerzjy hat Liander te lijen fan hieltyd grutter wurdende problemen. Ek de huzebou en de groei fan de ekonomy spylje dêryn mei.
It útwreidzjen fan it net kostet tiid, ûnder oare troch lange fergunningstrajekten.
Peter Hofland fan Liander