Wol belangstelling, mar pas takom jier dúdlikens oer trochstart Jansma Drachten

Jansma yn Grins © RTV Noord/Martin Drent
Der komt dit jier noch gjin dúdlikens oer in trochstart fan boubedriuw Jansma Drachten, lit kurator Mollema witte. It Drachtster bedriuw gie ferline wike fallyt fanwege de grutte ferliezen by it wurk oan de Grinzer rûnwei.
Der binne al ferskate potinsjele oernamekandidaten yn byld neffens Mollema, mar fanwege de krystperioade sil in beslút net earder as begjin jannewaris falle.

Meiwurkers

62 meiwurkers hawwe dizze wike ûntslach oansein krigen. Troch de personielskrapte yn de bou hawwe ferskate bedriuwen al belangstelling foar it oernimmen fan boupersoniel fan Jansma.
It bedriuw hat noch oarders yn portefúlje en de kurator ferwachtet dat by in oername ek alle meiwurkers mei oergean sille.
Direkteur George Kempenaar liet earder al witte goede hoop te hawwen op in trochstart. Syn bedriuw is spesjalisearre yn betonbou foar sivile en ynfrastrukturele projekten. Jansma Drachten is mear as 100 jier in begryp yn de Infra en Civiele betonbou yn Noard-Nederlân.