Tbs foar man dy't nepwapen op plysjes rjochte yn Ljouwert

© Shutterstock.com (ArTono)
De man dy't ferline jier yn Ljouwert seis plysjes bedrige mei in neppistoal hat tbs mei twangferpleging oplein krigen. De man krijt gjin straf, om't er net tarekkenber wie.
De man wie neffens gedrachssaakkundigen psygoatysk, doe't er it nepwapen op de plysjes rjochte. Sy advisearje in twongen behanneling op in ôfdieling mei in soad struktuer en in goede befeiliging. It risiko op werhelling wurdt heech ynskat.
Twa tsjûgen hienen op de bewuste dei, 2 augustus ferline jier, sjoen dat de man yn in snackbar op winkelsintrum De Centrale it wapen op de wasktafel lei. Dêrop bellen se de plysje. Doe't de man dat trochhie, draafde er fuort en waard er efterfolge troch de seis plysjes.
Op sosjale media ferskynden in soad bylden fan de efterfolging. De plysjes fjurren ferskate warskôgingsskotten ôf. De man waard dêrby twa kear yn 'e skonk rekke. Neffens de rjochtbank wienen dy skotten fan de plysjes net tsjin de regels.