Twa fertochten fan de moard op Ida Klijnstra frijsprutsen: net genôch bewiis

Ida Klijnstra-Kuipers © Omrop Fryslân
De rjochtbank yn Ljouwert hat de twa bruorren dy't fertocht wurde foar belutsenens by de dea fan Ida Klijnstra frijsprutsen. Tsjin de twa fertochten út Wolvegea en It Hearrenfean wiene selstraffen fan 10 en 6 jier easke.
Neffens it Iepenbier Ministearje wie Klijnstra om it libben brocht by in rôfoerfal yn De Blesse op 23 juny 2008. It deadzjen soe bedoeld wêze om dy oerfal te bedekken, seit de offisier fan justysje. Ut ûndersyk hat bliken dien dat it slachtoffer fan hiel tichtby twa kear delsketten is mei in pistoal.
In moanne lyn easke justysje dêrom selstraffen tsjin de twa, foar it meipleegjen fan en it mandélich wêzen oan it besykjen ta stellerij mei geweld, mei de dea as gefolch.
De rjochter konkludearret, krekt as it IM, dat de heit fan de twa bruorren yn alle gefallen belutsen wie. Ut ferklearringen fan tsjûgen hat bliken dien dat hy yn jildneed siet en plannen hie foar rôfoerfallen. Hy deade himsels doe't de plysje him, in pear dagen nei de oerfal, oanhâlde woe.

Net genôch bewiis

Neffens it IM wie de no 35-jierrige soan ek by it deasjitten fan de frou oanwêzich. De âldere broer (no 40) soe se mei de auto nei it hûs brocht ha en bûten op se wachte ha. Mar foar harren belutsenheid by it deadzjen fan Klijnstra sjocht de rjochter net genôch bewiis.
Twa fertochten fan de moard op Ida Klijnstra frijsprutsen
De twa bruorren wienen jierren lyn al yn byld, mar waarden doe net ferfolge. Ein ferline jier waarden se oanholden, doe't de âldste nei de plysje stapt wie. Hy fertelde dat er syn heit en broer nei De Blesse brocht hie. Psychysk saakkundigen sizze dat de man paranoïde gedachten hie. "Ook op zitting maakte hij een verwarde indruk", seit de rjochter, dy't de ferklearringen fan de man te wikseljend fynt. "Ze moeten met de nodige behoedzaamheid worden bezien. De rechtbank zet grote vraagtekens bij de betrouwbaarheid van zijn verklaringen." De jongere broer hat altyd ûntkend.
De plysje fûn yn 2008 yn it hûs fan de heit fjoerwapens en in lûdsdemper dy't mooglik brûkt binne by it deadzjen fan Ida Klijnstra. Yn in ôfwaskmasine leine sportskuon mei it DNA fan it slachtoffer en fan de jongere broer, dy't se jierren oan hân hie. By Klijnstra wie in ôfdruk fan de skoech fûn. Mar de rjochter slút net út dat de heit de skuon droegen hat, ûnder oare omdat it ynlissoaltsje past by syn lytsere skuonmjitte.
De bruorren wiene hjoed sels net by de útspraak oanwêzich, mar har advokaten wol.