Reitse Spanninga helpt dy de ynflaasje troch mei in low-budget krystmiel

Reitse Spanninga © Omrop Fryslân
De krystdagen steane foar de doar, mar yn tiden fan ferskuorrende ynflaasje tinkt net elts in grut krystmiel op tafel sette te kinnen. TV-kok Reitse Spanninga wol Fryslân helpe, mei in low-budget krystmiel.
De lêste sifers fan it CBS litte sjen dat de ynflaasje hast tsien persint is. De konsumint is dus flink djoerder út. Iten wie ôfrûne moanne sels hast 16 persint djoerder as yn deselde perioade in jier lyn.
It konsumintebetrouwen nimt wat ta, mar is noch hieltyd útsûnderlik leech. De foarsizzingen foar de keapkrêft binne ek net goed en in fjirdepart fan de Nederlanners seit dit jier minder jild út te jaan oan kado's yn desimber.
Mar net treure! Telefyzjekok Reitse Spanninga komt dy yn 'e mjitte: hy hat spesjaal in low-budget krystmiel betocht. Foargerjocht, haadgerjocht en neigesetsje, en dat foar mar 5,25 euro de persoan.

Tûk ynkeapje

"It is ek in drege tiid foar guon minsken. Mar 5,25 moat kinne. Ik sis der wol by: do moatst wol tûk ynkeapje", seit Spanninga.
Harkje hjir nei alle tips fan Reitse Spanninga
Yn ús radioprogramma Goeiemiddei! presintearre Reitse Spanninga syn resept. Doch der dyn foardiel mei, is syn oprop:
Foargerjocht (1,52 euro de persoan): bonbon fan skinke mei jierappelsalade en mayonêze
- 1 augurk de persoan yn blokjes
- ¼ appel de persoan yn blokjes
- 2 ytleppel jierappelslaadsje de persoan
- 2 plakken skinke
Lis in plestikje (bygelyks in bôlepûdsje) op it oanrjocht, lis dêr in plakje skinke op. Doch yn 'e midden twa leppels slaadsje. Tear de skinke der omhinne mei help fan it plestikje. Draai it goed oan, oant der in bol ûnstiet (kinne je goed yn 't foar tariede). Lis in bledsje slaad op in boerd, mei dêrop de skinkebonbon.
Dêr kinne acht puntsjes mei mayonêze omhinne. Elts garnearre mei in lytse heale kerstomaat, in lyts augurkje, en piterseelje, of wat je ek mar yn 'e hûs hawwe. In plakje sean aai der op kin ek. Yn stee fan skinke kinne je ek rikke salm brûke, mar dat is miskien boppe it budzjet (al is der op guon plakken wol salm yn de oanbieding dizze wike).
Bist fegetarysk? Dan kinst in bitecarpaccio dwaan. Dan kinst tinne plakjes byt op it boerd lizze, mei in bledsje slaad yn 'e midden en dêrop in boltsje jierpelslaadsje. Dat kin garnearre wurde mei puntsjes mayonêze, lykas by de bonbon.
Haadgerjocht (2,25 euro de persoan): rollade mei sjampinjon, reade sipel, sprútsjes, kerstomaten en krûdebûter
Ferwaarmje de oven foar op 150 graden. Lit de rollade op keamertemperatuer komme en dip dizze drûch mei keukenrol. Bried de rollade sa'n 4-5 minuten. Lis de rollade op de ovenplaat en jit it briedfocht oer de rollade. Hast gjin oven? Brûk dan in briedpanne mei lid, bried de rollade oan neffens de wurkwize en doch de panne nei de ynkepingen makke te hawwen werom yn de briedpanne en slút dy ôf mei in deksel.
Sied de sprútsjes bytgear, spiel se kâld. Snij eltse grutte kastanjespampinjon yn fjouwer parten en doch de lytse eksimplaren troch de midden. Snij de reade sipel yn ringen en hâld dizze apart. Meitsje yn de kerstomaten in lytse ynkeping en lis se fiif minuten foardat de rollade út de oven komt boppe-op de rollade.
Helje de rollade út de oven (of út de panne) en hâld de rollade waarm troch dy yn aluminiumfoly te rôljen en lit dy tsien minuten rêste. Helje eventueel it netsje fuort en hâld de pofte tomaatsjes apart. Meitsje in pankoekspanne klear mei olive-oalje en swit de sipels oan, doch de sjampinjons mei de sprútsjes en krûdebûter efkes omheech en skep it om.
Dressearje de rollade op de skaal, skep de spampinjon, sipels, krûden en de krysttomaat by de rollade en snij de rollade oan tafel. Servearje eventueel de sjú apart.
Fegetarysk haadgerjocht (2,05 euro de persoan): stoofskûtel mei grienten, resept foar fjouwer persoanen
Meitsje in grientecurry:
- 1 pompoen yn lytse blokjes snien
- 1 prei yn ringen snien
- 2 sipels
- 1 middelgrutte koerzjette
- 2 teantsjes knyflok
- 2 teeleppel raspe, farske gimber
- ½ sniene spitskoal
- 1 reade paprika
- 1 blikje kokokosmolke
- 2 ytleppels giele kurrypasta
- 3 ytleppels cashewnuten
Snij de pompoen yn lytse blokjes en sied dy tsien minuten. Snij de sipels yn blokjes, hak de knyflok en snij de koerzjette en paprika yn blokjes en de prei yn ringen. Swit de sipels en knyflok oan yn de oalje en doch dêrnei de paprikablokjes derby. Heakje de pompoenblokjes ta. Rier de giele kurrypasta dertroch mei de raspe gemberwoartel.
Doch de sniene spitskoal der by en bak dy twa minuten mei, dêrnei ôfblusse mei kokoksmolke. Koart siede en dêrnei de waarmteboarne op sêft sette. Heakje as lêste de sniene prei, koerzjetteblokjes en trije ytleppels hakte cashewnuten ta. Servearje it mei rys.
Neigesetsje (1,50 euro de persoan): hing-op, resept foar seis persoanen
- liter folle yochert
- sinesapel en 1 grapefuit
- bledsjes sjelatine
- dl slachrjemme
- ytleppels sûker
Nim in lege panne en doch in skjinne skûlk mei in gatsjepanne yn 'e panne. Jit in pak folle boereyochert yn 'e teedoek en knoopje dy ticht as in knapsek. Hingje de skûlk op oan de kraan boppe de goatstien. De hing-op moat 8 oeren hingje en útlekke.
Lit de sjelatinebledsjes fiif minuten yn rom kâld wetter weakje. Knyp ien sinesapel en ien grapefruit út en ferwaarmje dit súntsjes. Knyp de sjelatinebledjes út en los se op yn it fruchtesop. Lit it ôfkuolje oant it krekt tsjok wurdt.
Sla de slachrjemme op ta yochert, ming dat mei de sjelei fan de sinesapel en it grapefruit. Skrabje alle tsjokke yochert út 'e doek en mjuks dy mei de slachrjemme. Lit de hing-op goed kâld wurde yn 'e kuolkast. Servearje de hing-op mei fruit dat foar hannen is, it kin ek mei flaaifruit.
Noflike krystdagen en lekker ite!