Rotterdamske fertochte fan drugslab De Jouwer langer fêst

Plysje by de ynfal
© Noordernieuws
De 45-jierrige man út Rotterdam dy't fertochte wurdt fan belutsenheid by in drugslab op De Jouwer moat fjirtjin dagen langer fêstsitte. Dat hat de rjochter-kommissaris besletten.
It drugslab oan de Handelswei waard ôfrûne freed ûntmantele. Yn it lab waarden syntetyske drugs makke. De Rotterdammer is dyselde dei oanholden.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.