Goermetskûtels en krystbôlen: Friezen geane foar de klassikers

It team fan slachter Spijkerman © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
De slachters yn Nederlân fernimme mei de krystbestellingen hast neat fan in keapkrêftdelgong by konsuminten. Dat seit de lanlike organisaasje Keurslager. By de supermerken sjogge se dat minsken nei twa coronajierren benammen foar gemak en gesellichheid kieze.
Neffens Joep Klaver, direkteur fan de Keurslager, dêr't 350 slachterijen ûnder falle, wurdt der de kommende krystdagen in hiel soad goermet. Dat fernimt ek slachter Spijkerman út Akkrum. Dêr binne dit jier in soad bestellingen dien foar de tradisjonele krystgoermetskûtel.
Moarns betiid is it al in drokte fan belang yn de winkel fan Daan Spijkerman. Meiwurkers rinne ôf en oan om alle goermetpakketten en byfstikken op 'e tiid klear te krijen.
Krystdrokte by de ûndernimmers fan Akkrum
De winkel is hielendal yn de krystsfear oanklaaid, mei in spesjale playlist, in ôfheltinte en fansels ljochtsjes. De winkel hat útpakt, benammen omdat dat de ôfrûne twa jier net koe. "Toen was de gezelligheid uit de winkel. We mochten niet zoveel mensen meer in de winkel hebben. Maar nu is corona voorbij en dus mogen mensen allemaal terugkomen. Op de laatste dag krijgen ze een glaasje glühwein, chocomel of snert als ze de bestelling afhalen."
Wat wol oerbleaun is út de coronajierren binne tiidslotten. Minsken hoege dêrtroch net mear oeren yn de rige te stean as se in bestelling ophelje, mar kinne op in foarôf ôfprate tiid delkomme. In echte corona-útfining.
In soad minsken kieze har klassikers, mar ek wol nije saken.
Bakker Marten Boonstra
Eefkes fierderop yn de strjitte yn Akkrum sit de bakkerij fan Marten Boonstra. Ek dêr is in grut team oan it wurk om de krystdrokte oan te kinnen. Benammen de sûkerbôlen en krystbôlen fleane oer de toanbank.
Achteryn de bakkerij is in ploech dwaande om foar de kommende dagen noch mear fan soksoarte lekkernijen te meitsjen. Mar Boonstra sjocht ek dat minsken iepenstean foar nije traktaasjes: "In soad minsken kieze har klassikers, mar ek wol nije saken. Lykas bavarois mei lavindel deryn."

Gruttere bestellingen

By de slachter in selde byld: de klassikers draaie it bêst, de rollade en de goermetskûtel. Dochs binne der neffens Klaver fan de koepelorganisaasje wol feroaringen te sjen mei ferline jier: "In de coronajaren zagen we veel meer bestellingen voor maximaal vier personen, maar nu is het weer als vanouds. Misschien dat door de marktomstandigheden en de inflatie mensen wat meer voor het thuis genieten kiezen in plaats van buiten de deur eten. Hoewel ik ook hoor dat de horeca nagenoeg vol zit."
De bakkers fan Boonstra © Omrop Fryslan, Jantine Weidenaar
De wurkdagen yn dizze tiid binne lang, sizze beide ûndernimmers. Sa sil slachter Spijkerman de kommende dagen nei alle gedachten net foar middernacht de doar efter him tichtlûke.
In bysûnder tiidstip, benammen om't er dan miskien syn kollega wol tsjinkomme kin op strjitte, fertelt Boonstra: "As de slachter ophâldt, dan begjinne wy. Gewoanwei begjinne wy dizze dagen wat earder as gewoan, en fan freed op sneon sille wy om 12 oere nachts oan de gong gean om om 7 oere klear te wêzen as de winkel iepengiet."
En dan sit it der foar Boonstra noch net op, want nei de krysttiid komt fansels ek noch âld en nij: "Oaljekoeken is ek noch wol in aardige drokte , dus wy moatte noch eefkes in wykje oanpoatsje."