Op ‘e nij koade giel fanwegen de mist, min sicht om de Iselmar hinne

Fytsers yn de mist © ANP
Yn Fryslân jildt op 'e nij koade giel fanwegen de mist, wêrtroch't it sicht pleatslik minder as 200 meter wêze kin. It KNMI hat de warskôging oant 10.00 oere ôfjûn.
De warskôging foar de dize jildt foar Fryslân en Flevolân. Neffens it KNMI komt benammen om de Iselmar hinne tichte mist foar.
It advys is om op de dyk stadiger te riden en wat mear ôfstân ta inoar te hâlden. Yn de rin fan de moarn lûkt de dize wer fuort. Dat wie tongersdei ek al it gefal.