Beruchte Westereender (23) yn Denemarken oppakt foar terrorisearjen plysje

© Shutterstock.com (Minerva Studio)
De Deenske plysje hat in 23-jierrige Westereender oppakt fanwegen oplichting en it systematysk behinderjen fan de plysje. It Iepenbier Ministearje hat om útlevering fan Julian H. frege.
De man dy't yn De Westereen opgroeide soarge foar flink wat oerlêst, sa skriuwe misdiedsjoernalisten John van den Heuvel en Mick van Wely yn De Telegraaf. Neffens har spile de fertochte in 'bizar kat-en-mûsspul' mei plysje en justysje en hat hy tal fan ynstellingen terrorisearre.

Gaos yn kommunikaasje

Julian H. soe foar in soad gaos soarge hawwe by de plysje troch de technyske kommunikaasje fan ferskate tsjinsten mei-inoar yn ferbining te setten. Hy behindere telefoanlinen fan helpferlieners troch dy op technyske wize te bestoken mei telefoantsjes.
De krante skriuwt dat Julian H. him al yn syn middelbere skoalletiid dwaande holdt mei oplichting. Doe kaam er ek al mei de plysje yn 'e kunde.

Earder oppakt

Yn 2019 waard er ek yn Denemarken oppakt om't er him trije jier skuldich makke hie oan bedriging, oplichting en it behinderjen fan systemen lykas dy fan sikehuzen en in húsdokterspost. Sa drige hy by sikehûspersoniel kollega's wat oan te dwaan.
De Westereender lichtte ek minsken op foar grutte bedraggen. Yn 2020 moast er goed 28.000 euro betelje dat er mei oplichting fertsjinne hie, neist dat er twa jier de sel yn moast. Hy waard feroardiele, mar nei't de Westereender wer frij kaam, keas er op 'e nij it ferkearde paad.
Hy gie op reis en bleau yn djoere hotels, ûnder oare op Malta. Julian H. soe tûk en tige manipulatyf wêze: de man dreau syn slachtoffers ta wanhoop.
Misdiedsjoernalisten John van den Heuvel en Mick van Wely skriuwe oer de saak © ANP
Syn namme wurdt ek yn ferbân brocht mei in moard op in sjoernaliste op Malta, hy soe tapes hawwe fan belutsenen by de moard yn 2017.

Utlevering

Neffens it Iepenbier Ministearje hie de man ek in fjoerwapen yn besit, sa skriuwt De Telegraaf. En hy wurdt fertocht fan oplichting, it brûken fan gegevens dy't net iepenbier binne, ferfalsking op skrift, identiteitsfraude en it ûnderskeppen fan kommunikaasje.
De Deenske plysje leveret de Westereender út. De Telegraaf skriuwt dat de advokaat fan H. noch net reagearje woe.