F-35's fan Ljouwert nei Poalen foar ferdigening NAVO-loftrom

In F-35 yn Bulgarije by in NAVO-misje earder dit jier © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
F-35's fan de fleanbasis Ljouwert bewake yn febrewaris en maart de eastlike flank fan it NAVO-gebiet. Se wurde stasjonearre yn it noarden fan Poalen, op de fleanbasis Malbork.
Sûnt de Russyske ynfal yn Oekraïne dogge NAVO-lannen dy't oan dy beide lannen grinzje geregeld in berop oan bûnsgenoaten om help. Njonken de bewaking fan it loftrom giet it ek om ienheden op see en op lân.

Rap ynsetber

It giet om F-35's fan de fleanbasis Ljouwert en Volkel. Fjouwer wurde ynset foar de bewaking fan it loftrom, de oare fjouwer dogge in trainingsprogramma mei oare NAVO-lannen. Mocht it nedich wêze, dan kinne dy ek gau ynset wurde.
It is de twadde NAVO-misje fan de Nederlânske F-35's. Yn april en maaie stienen fjouwer tastellen stasjonearre yn Bulgarije. Dat lân hie de NAVO om help frege by it bewaken fan it loftrom nei de Russyske ynfal yn Oekraïne.
Dat is ek wat de F-35's no as taak krije: de saneamde quick reaction alert, wat betsjut dat se binnen in pear minuten de loft yn moatte om in fijanlik tastel te ûnderskeppen. Dat bart as in tastel 'm net identifisearret of sûnder tastimming it loftrom binnenfljocht.