Feanfroulju moatte aanst ûnder it betelle fuotbal falle, oars gjin earedivyzje

Froulju fan sc Hearrenfean
© Orange Pictures
De froulju fan sc Hearrenfean moatte foar july 2023 ûnderdiel wurde fan de betellefuotbalorganisaasje. Oars mei it team net mear útkomme yn de earedivyzje.
It hat te krijen mei besluten fan de KNVB, dy't it frouljusfuotbal fierder profesjonalisearje wol. Sûnt it begjin fan de earedivyzje foar froulju falt it wat it bestjoer oanbelanget ûnder de amateurtak. Dat moat oars, fynt de KNVB.
De topkompetysjes fan it frouljusfuotbal moatte takom seizoen ûnderdiel wurde fan it betelle fuotbal. Ek om't je as klup fan it seizoen 2024/2025 ôf allinne útkomme meie op Europeesk nivo as je ûnderdiel binne fan it betelle fuotbal.
De maatregels moat fuotbalsters finansjeel mear biede, lykas in oerkoepeljende cao. Foar de measte klups hat it beslút gjin gefolgen mear, mar wol foar sc Hearrenfean, ADO Den Haag en VV Alkmaar. Neffens de KNVB witte dizze trije klups al oardel jier fan de plannen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.