It giet net perfoarst better, mar it ophâlden wie in opluchting foar Henk de Jong

Henk de Jong © Orange Pictures
Henk de Jong hold twa moannen lyn definityf op as trainer fan SC Cambuur, om't it mei syn sûnens dochs net gie. It giet op dit stuit net perfoarst better, mar it ophâlden wie wol in opluchting.
De NOS spruts mei De Jong oer hoe't er him no fielt. Goed in jier lyn waard der in kyste fûn yn de holle fan De Jong. Yn desimber 2021 en maart 2022 rekke er út de rûlaasje, yn oktober kaam it definitive beslút op te hâlden.
De Jong die twa kear tydlik in stap werom, de tredde kear wie it SC Cambuur dy't de stekker der út luts. "Ik fielde sels wol oankommen dat it de ferkearde kant op gie. It wie eins wol in opluchting", kin er twa moannen letter sizze.
Syn frou joech de trochslach troch te sizzen dat er ophâlde moast. "Ik wie ek bliid dat it ophold, om't it net mear de power hie om Henk de Jong te wêzen. Dan falt myn krêft ek fuort."

Behindering fan it libben

Troch stress en spanning kin it safier komme dat er neat mear sjen kin. "Ik bin yntusken 13 moannen fierder, mar it wurdt allinne mar minder", seit De Jong. "Je wurde hiel wurch. En dat wurdt heftiger. It behindert dyn libben. It is in tige ferfelende situaasje."
In simpele autorit kin De Jong al tefolle wêze troch it flitsen fan de felle ljochten yn it ferkear. It aktivearret de klachten, seit er. Dochs bliuwt De Jong relativearjen: "Der binne slimmere dingen yn it libben."

Syn frou helpe

De Jong helpt syn frou mei ynpakken fan bestellingen foar har webshop. Hy hellet der foldwaning út, lykas út oare lytse dingen yn syn omjouwing.
De Jong hat al ferskate kearen kontakt mei lotgenoaten hân, dat rekket en stipet him. In moanne lyn ferstoar de heit fan De Jong oan de byt fan in tyk. De Jong neamt it ûnbenullich, mar it liet him wol beseffe dat it libben samar oer wêze kin.
Henk de Jong hopet foaral dat er holpen wurde kin, al soe soks wol in swiere operaasje betsjutte. "Dat is wol risikofol, mar dat nim ik op 'e keap ta."
Op 1 jannewaris giet Omrop Fryslân mei Henk de Jong yn petear yn it radioprogramma In fleanende start, tusken 14.00 en 15.00 oere, ek op telefyzje te folgjen.