Habtamu de Hoop (PvdA) wol útlis fan minister oer problemen 'krúsjale' A7

Minister Harbers sjocht nei Habtamu de Hoop © ANP
Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop (PvdA) hat fragen oan minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat steld oer de problemen mei de A7.
De Hoop neamt de A7 in 'krúsjale dyk' foar it wen-wurkferkear yn Fryslân. It Keamerlid fynt it net akseptabel dat de dyk moannenlang net tagonklik is.
Der moat sa gau as mooglik in oplossing komme om de dyk wer yn gebrûk te nimmen, fynt de PvdA. Yn de tuskentiid hopet de partij op in tydlike oplossing, yn 'e mande mei de provinsje en de gemeente Súdwest-Fryslân.
De Hoop wol fierder noch fan de minister hearre hoe't it kin dat de grûnankers dy't de tunnelmoot (it part fan de tunnelbak dat omheech kaam is) op syn plak hâlde moasten, brutsen binne.