Spoedreparaasjes oan brêge Twellingea, dêr’t de snelheid flink omleech giet

Spoedreparaasjes by de brêge © Kappers Media
Gemeente Súdwest-Fryslân en Rykswettersteat nimme ferkearsmaatregels op de brêge by Twellingea, dy't ôfbrokkelet. De snelheid giet nei 30 km/oere en de dyk is smeller makke. Fierder binne der spoedreparaasjes útfierd.
Der komt op dit stuit in soad ekstra ferkear oer de brêge om't de njonkenlizzende A7 ôfsletten is, fanwegen de problemen yn it akwadukt ûnder it Prinses Margrietkanaal.
Freedtemoarn binne der platen oan de brêge fêstset dy't loslieten. Troch koarte ôfslutingen fan de brêge foar de spoedreparaasjes ûntstiene der flinke files.
De brêge by Twellingea is der net bêst oan ta © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Wethâlder Michel Rietman sjocht by de brêge sels dat it weidek loslit. "Er liggen kleine steentjes. Er zitten zijplaten aan het brugdeel die loslaten. Je ziet een wegdek met houten planken. Na een week lang extra verkeer merk je dat de brug dit helemaal niet kan houden."
Wethâlder Michel Rietman fan Súdwest-Fryslân
Dêrom wurdt de snelheid der út helle. "Het is een kwetsbaar punt. De brug houdt al dat verkeer niet. Blijven we dit intensiveren, dan blijft er niets van het wegdek over." Der komme ek buorden by de dyk del. "Zodat het optisch ook een smallere weg wordt om 30 kilometer per uur te rijden."

Deputearre trunet oan by it Ryk

De ynfrastruktuer yn de provinsje pipet en kreaket, seit Rietman. Want njonken de brêge by Twellingea binne der ek problemen by Spannenburch en Aldskou. "Het drama van het aquaduct geeft inzicht in heel veel andere problemen", seit er. Neffens Rietman is ûnderhâld en ferfanging troch it Ryk te lang útsteld.
Deputearre Avine Fokkens hat oanjûn oan te stjoeren op bestjoerlike stappen troch it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. Ek de provinsje fynt dat it sa net langer kin.

Oerstekkende skoalbern

Skoalbern fernimme de tanimming fan de drokte op de Nije Dyk. "Wy moatte wachtsje op in grut gat tusken de auto's om oer te stekken", seit in learling út Langwar.
Skoalbern hawwe ek fan de ferkearsdrokte te lijen © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
In oare jonge is al trije kear te let kaam. "Als je 08.10 of 09.00 uur in bent, zit je in de ochtendspits. Dan moet je echt wel op tijd weg, anders ben je te laat voor de les. Je moet heel lang wachten."
Skoalbern út Langwar moatte de Nije Dyk oer