Smellingerlân en Súdwest-Fryslân benaud dat netprobleem bedriuwen ôfskrikt

In stroomstasjon fan Liander yn Drachten © ANP
Gemeenten Smellingerlân en Súdwest-Fryslân bale fan it nijs dat de maksimum kapasiteit fan it stroomnet by Drachten en Snits berikt is. De kolleezjes neame it tige ferfelend.
It hat benammen konsekwinsjes foar de yndustry, seit wethâlder Henk de Boer fan Súdwest-Fryslân. "Foar alles wat al op Liander oansletten is, hat it gjin gefolgen. Ek net foar de lytsferbrûkers, dy oanslutingen rinne ek troch. Mar foar de yndustryterreinen hat it ympakt."
Dat neamt De Boer 'hiel ferfelend.' De gemeente woe just bedriuweterrein de Hemmen 3 útwreidzje. "Guon bedriuwen hawwe dêr al fier útwurke plannen."

Undernimmers

Súdwest-Fryslân hat yntusken in belronde by ferskate bedriuwen dien. "Der binne ûndernimmers dy't sizze: as dizze situaasje sa bliuwt, dan tinke wy nochris nei oer ús fêstigjen. Mar der binne ek ûndernimmers dy't neitinke wolle oer oare oplossingen."
Wethâlder Henk de Boer fan Súdwest-Fryslân
Nije bedriuwen komme dus yn de wacht te stean. "As sy har hjir fêstigje en in oansluting regelje wolle, komme sy op in wachtlist. Foar bedriuwen dy't útwreidzje wolle, jildt itselde."
Wethâlder Maria le Roy fan Smellingerlân neamt de situaasje in grutte puzel. "Daar mogen we niet te gemakkelijk over denken", seit sy. "Het allerergste is als we op slot komen te staan."
Smellingerlân is benaud dat it bedriuwen fan fêstigjen wjerhâlde kin. "Hopelijk schrikt het niet te veel bedrijven af die zich willen vestigen, want we willen graag met ze meedenken."

Stroom ferpartsje

Yntusken binne beide gemeenten yn petear mei ûndernimmers en Liander oer 'kongestjemanagement.' Dêrby wurdt ôfpraat om stroom op guon mominten te ferpartsjen. "Als we de overcapaciteit kunnen herverdelen als dat mogelijk is, dan kan die stroom weer bij een ander terechtkomen", seit Le Roy.
Wethâlder Maria le Roy fan Smellingerlân © Omrop Fryslân
Dat is ek yn Snits it gefal, seit De Boer. "Dêr is Liander op dit stuit mei oan set, dat wachtsje wy rêstich ôf."

Prosedueren

Smellingerlân wol alles op alles sette om dochs sa gau as mooglik wer mear romte te krijen. "Het enige wat wij kunnen doen is het zorgen dat de planologische procedures voor het onderstation soepel kunnen verlopen. Dat is aan onze kant nadrukkelijk een opgave, de rest is aan Liander en TenneT."
Wethâlder Maria le Roy fan Smellingerlân
En fierder: "We moeten kijken of nieuwe bedrijven zoveel mogelijk zelf op kunnen wekken, zodat ze het net niet belasten. Maar dat is een hele vraag die je aan een ondernemer stelt. We moeten kijken wat we waar kunnen maken, we staan nog op het begin."