Plysje treft 46 kilo fjoerwurk oan yn hûs op De Jouwer

In doaze mei fjoerwurk © ANP
Yn in wenning oan de Pelmolenstraat op 'e Jouwer hat de plysje 46 kilo profesjoneel knal- en sierfjoerwurk fûn. It fjoerwurk waard op ferskate plakken yn it hûs bewarre. It is troch de plysje yn beslach naam.
It is strafber om safolle fjoerwurk yn 'e hûs te bewarjen. Dêrneist meie je as partikulier gjin profesjoneel fjoerwurk keapje, opslaan of ôfstekke. Tsjin de eigener, in 23-jierrige Jouster is in proses-ferbaal opmakke.