Grûnwetter wie by de oanlis akwadukt A7 al in probleem

Grûnwetter wie al by de oanlis fan it akwadukt in probleem
De problemen mei it akwadukt yn de A7 binne net fan hjoed of juster. Al by de oanlis yn de jierren '70 soarge it grûnwetter foar komplikaasjes. Doe moast Rykswettersteat ta de bûse. Grûnwetter liket in probleem, mar is maklik op te lossen, sa leit yngenieur Rinze Herrema fan yngenieursburo Witteveen en Bos fan It Hearrenfean.
"Dit binne de problemen dêr't je in stúdzje Weg en Waterbouw foar dogge", seit Herrema. "Maatskiplik is it ûntwrichtsjend, mar foar yngenieurs is it in moaie útdaging. Rykswettersteat makket dêrby gebrûk fan ekspertize dy't opdien is by de Vlaketunnel yn Seelân. Yn 2010 kaam ek dêr in tunnelmoat omheech as gefolch fan it ôfbrekken fan trekankers. By Rykswettersteat tinke se dat dat hjir no ek it gefal is."
De tunnelbak ûnder it Prinses Margrietkanaal bestiet út meardere parten, dy wurde 'tunnelmoten' neamd. Troch de druk fan grûnwetter is sa'n tunnelmoat omheech kaam. Nei alle gedachten binne de grûnankers brutsen dy't it op syn plak holden.
Al by de oanlis fan de Prinses Margriettunnel yn de jierren '70 ûntstienen der problemen. Omdat de bouput drûch bliuwe moast, waard in soad grûnwetter fuortpompt. Safolle dat der skuorren ûntstienen yn gebouwen en huzen yn Twellingea.

Problemen by de oanlis

Rykswettersteat moast ta de bûse: der kamen goed 30 meldingen binnen en Rykswettersteat kearde in lytse 3 miljoen gûne út oan skeafergoedingen. Wettersportbedriuw Twellingea krige sels in skeafergoeding fan 1,3 miljoen gûne, om't it bedriuw fersakke wie troch de oanlis fan de tunnel.
Rinze Post fan Winaam wie yn de jierren '70 belutsen by it graafwurk foar de tunnel. "Grûnwetter wie doe in grut probleem. It makke it graafwurk der net makliker op."
Mar neffens Herrema falt dat allegearre ta. "It is wol en net in probleem. Je moatte sa'n bak sjen as in amer dy't je yn in sleat drukke. Dy wol omheech. Dat wol sa'n tunnelmoat ek."
Der binne dan ferskate wizen om de bak te plak te hâlden, stelt de yngenieur. "Dat kin op gewicht, mar je kinne 'm ek fêstsette. Dat is hjir dien. Je slaan der peallen yn en dan sette je 'm mei trekpeallen fêst."
Hoe't it kin is ûndúdlik, mar helder is dat de tunnelmoat yn beweging kaam is. "Der is wat flink misgien. Mar wat opfalt is dat der gjin wetter omheech komt. Dat betsjut dat de ôftichtingen fan rubber noch goed binne. Dy kinne ek hiel wat ha."

Oarsaken

Oer de oarsaak wol Herrema net spekulearje, mar hy wol al kwyt dat der altyd wat misgean kin. "Dat soarte fan ankers kin rustkje. Der kin troch grutte belêsting wurgens ûntstean yn de ankers. Der kin sprake wêze fan korroazje. Yn sa'n tunnelmoat sit noch in soad beweging, tink oan it útsetten troch waarmte en kjeld. Dy beweging moatte de ankers ek allegear opfange."
Rinze Herrema © Omrop Fryslân
Herrema begrypt wol dat der no ekstra sânsekken pleatst wurde. "Je wolle foarkomme dat der mear yn beweging komt wêrtroch't de skea noch grutter wurde soe."

Soargen oer brêgen yn de regio

Hy makket 'm wol soargen oer de brêgen yn de omliedingsrûten. "Dy binne hiel kwetsber", seit er. "Der sit in gewichtsbeheining op de brêge fan Spannenburch."
Herrema wiist ek op de âldens en de groanyske efterstân yn it ûnderhâld fan de brêge by Twellingea. Ut ynspeksje waard tongersdei dúdlik dat it weidek by dy brêge ôfbrokkelet en dat dêr ekstra maatregels naam wurde moatte. Troch it útfallen fan de A7 wurde oare knyppunten yn de ynfrakstruktuer yn de regio pynlik dúdlik.
Sânsekken op de A7 tusken Snits en De Jouwer © Omrop Fryslân
De problemen mei de Prinses Margriettunnel binne noch lang net oplost, ferwachtet Herrema. "Ja, it grûnwetter is in probleem, mar mei in goede damwân kinne je dat goed drûch hâlde en kinne je dêr it grûnwetterpeil maklik ferleegje. De fraach is allinnich oft je ien tunnelmoat undersykje moatte of miskien wol it folsleine akwadukt."
Neffens Herrema binne de problemen by de Prinses Margriettunnel net te ferlykjen mei problemen by oare akwadukten yn de provinsje. "Dat is appels mei parren ferlykje. Yn Burgum is bygelyks by de oanlis in flater makke en dat koe goed makke wurde. Dat is echt folslein wat oars."
Herrema skat yn dat de wurksumheden oan it akwadukt noch in soad tiid yn beslach nimme sille. "As ik myn allerposityfste bril opset soe ik sizze dat it in heal jier duorje sil."