Twadde Keamer: Friezen moatte yn rjochtbank altyd gebrûk meitsje kinne fan tolk

Michiel van Nispen yn de Twadde Keamer © ANP Foto
Fryske boargers moatte it rjocht hawwe om harren eigen taal te praten yn de rjochtbank. Dêr is de mearderheid fan de Twadde Keamer mei iens, docht bliken út de yntsjinne moasje fan SP-leden Peter Kwint en Michiel van Nispen.
De tolken en oersetters, dy't oansletten binne by de Oarder fan Registertolken en -oersetters (ORT&V), leine earder it wurk del. It Iepenbier Ministearje besleat gjin Fryske tolken yn strafsaken te setten.
Dit diene se om't Dilan Yesilgöz-Zegerius fan Justysje en Feilichheid derfoar pleite om de oeretariven fan tolken dy't foar de oerheid wurkje, te ferheegjen fan 44 nei 55 euro. Mei it fuortfallen fan de foarrydkosten soe dy ferheging yn de praktyk net in soad opsmite foar tolken.

Erkend rjocht

De gong fan saken skeat SP-leden Kwint en Van Nispen yn it ferkearde kielsgat. Kwint en Van Nispen binne fan betinken dat it njonken in erkend rjocht, foar minsken ek fan grut belang is om har sa emosjoneel uterje te kinnen. Dêrom soene Fryske tolken en oersetters hoe dan ek waarboarge wurde moatte.
Allinnich VVD, D66 en Fractie Den Haan stipen de moasje net.