Slim ûngelok by Easterwâlde: twa minsken omkaam

Twa manlju omkaam by ûngelok Easterwâlde © Noordernieuws
Twa ynsittenden fan in auto binne freedtenacht omkaam by in iensidich ûngelok net fier fan Easterwâlde. It ûngelok barde eefkes nei tolve oere op de dyk de Weper (N919). De bestjoerder fan in auto rekke yn in bocht fan de dyk en botste dêrnei op in beam.
Yn de auto sieten trije persoanen. Twa fan de trije hawwe it net oerlibbe. In 27-jierrige man út de gemeente Steenwijkerland en in 26-jierrige man út Veendam binne op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De bestjoerder, in 32-jierrige man út Easterwâlde, rekke ferwûne en is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.
Slim ûngelok by Easterwâlde: twa minsken omkaam
De dyk hat nei it ûngelok in skoft ôfsluten west. De plysje docht ûndersyk nei wat der krekt bard is. Dêrfoar wol de plysje ek graach yn kontakt komme mei minsken dy't it ûngelok sjoen hawwe of dy't der mear fan witte.