Giny Bastiaans

In grut en lyts Krystbern

logo.ensafh

As wy yn it âlderlik hûs yn Boalsert wat kwyt wiene, en dan praat ik oer lang ferlyn, dan seinen wy al sykjend dit ferske op: ‘Heilige Antoanius, trouwe vriend, maak nou dat ik myn … werom fyn.’
En dan koe it om fan alles gean, in knoop fan ’e jas/in breipatroan/dy iene sok/in boek/brief/pinne/mûtse/puntesliper/favorite knuffel/…
Neam mar op.

Dat ferske wie eins in soartemint fan mantra, avant la lettre.
Broerkes en suske, allegear moasten se meihelpe om te sykjen. En dan gie it yn koar troch it hûs: ‘Heilige Antoanius ….’
As yn in Boeddistysk kleaster.
En earlik, troch dat hieltyd wer opsizzen fan dy tekst sikest rêstich troch. Waardst net dizich yn ’e holle fan it tinken ‘Wêr o wêr?’
En waard de syktocht meastentiids ôfsluten troch in lûde gjalp: ‘Jaaaa!’
Dêrnei gienen we feestlik oan de tee mei in Mariakoekje.

No’t by ús hjir it stôf fan de ferhuzing him deljûn hat, bin ik alle dagen wol wat kwyt. Earliksein ha ik grouwélich it mier oan sykjen. Dat is de reden dat ik mysels al gau treaste wol mei te tinken: ik kin altyd wer nei de winkel gean en keapje it. Of makliker noch, te sizzen dat it perfoast op ’e souder lizze moat.
Dan hâldt it sykjen fansels op, want dêr kom ik net. Omdat dêr in aaklike trep hinne giet. De bern ha sein: ‘Mem giet dy trep net op hear!’
It wachtsjen is op de timmerman om dêr in feilige del te setten.
En dat wat der mist wurdt, dêr grif wol lizze sil, is in gerêststellende gedachte. Fêst hâlde. En klear.

Mar ja, no is it krapoan Kryst, de kryststâl hat in moai plakje krigen, mar wêr yn ’e goedichheid is it krystberntsje bedarre? Siet net yn ’e doaze.
Hoe kin dit no wer?Alles siet altyd yn dyselde doaze mei slappe boaiem, hân derûnder, oars klapt alles der fan ûnderen út op ’e grûn. Is it der dan dochs mei de ferhuzing útflein?
Dat lytse berntsje mei dat leave kopke, fan de krystgroep út myn bernetiid, nearne te finen. Dat mei net fuort wêze. Net yn myn nije thús. Dat berntsje heart der yn de Krysttiid by!
En it is grif net mear te krijen. Soe it dan dochs op ’e souder lizze? Dan móat ik der dochs hinne. Kin net oars.
Earst mar wer ûnder sykje. Mei it swit op ’e kop.
In grut hûs is moai mar as je wat kwyt binne is it in och heden.
It bloed wurdt my op it lêst hast sûpe.
Mar doe kaam ynienen dy âlde mantra boppedriuwen. ‘Heilige Antoanius, trouwe vriend, maak dat ik myn kerstkind vind.’

Mar Antoanius waard net wekker.
‘Moai sa,’ sei oare helte, (hy is nochal strang ’ ‘e lear): ‘Dy nuvere gewoante fan dy om no al dat bern yn de kribbe lizze te wollen, dat heart net sa. Dat hearst pas op earste Krystdei te dwaan!’

Ik koe der net mear op yngien, de tillefoan gie. Skoandochter.
Har man, ús JJ wie oer de kop slein mei de fyts. Fan alles stikken. Revalidaasje en rolstoel. Kin net yn syn eigen hûs, want dat wurdt ferboud. Dus wêr moat er hinne?
By mem en M. yn it grutte hûs.
M. droechwei : ‘Ha wy fan ’t jier in moai en grut krystbern yn ús kribbe.’
Ik tocht eefkes: dyn riddenaasje kloppet net hielendal jonkje.
De dagen ferrûnen mei triuwen fan de rolstoel. Mei pillen, telefoan, soarch, EHBO, protte oanrin, grutte pannen op it fjoer. Mar gjin soarch fan in dokter of sa. Nuvere boel. Doe die bliken: it dossier fan JJ wie fuort. Nearne te finen. Ynternet is moai, mar neffens my is in papieren dossier gauwer te finen as op ynternet! Dêrom kaam der gjin begeliedende soarch. Mynhear wie ûnbekend!
Dossier kwyt.

‘Heilige Antonius trouwe vriend ….’
It sykjen duorre in dei, en dat is in hiel skoft, en doe waard Antoanius wekker!
Sikehûs Sint Antonius yn Utrecht. Dêr lei it.
En net by Antonius yn Snits. Wraak fan de hillige dat syn titel SINT der dêr ôfhelle wie?
Wa seit it?
Hawar, it grutte krystbern set al foarsichtich de earste stapkes. En leit deis foar Kryst yn syn eigen kribbe.
En it lytse Jezusberntsje kaam foar it ljocht tusken it sêfte papier fan ingeltsjes fan ferline jier.
Moaie Krystdagen allegear!

 

 

 

7 reaksjes op “In grut en lyts Krystbern

  1. De wraak van de heilige Antonius. It soe samar kinne. In prachtig verhaal.

  2. Tank foar jim reaksjes! Altyd bliid mei! En Jelma, ús JJ is tongersdei opereard oan syn skouderbonke. Hy is sûnt juster wer yn syn eigen hûs. Om de feestdagen mei elkoar dêr troch te bringen. Dat kin no wer. Aardich handich wurden mei rolstoel en sa. Oer twa wiken komt hy hjir wer. Foar fierdere behanneling. Sikehûs hjir foldocht him skoan…Groetnis!

  3. Och wat prachtich Giny , ja dit ha ik ek nei de ferhuzing meimakke , siet it berntsje noch tusken de kranten yn de doaze fan it ynpakken ! Hiele protte sterkte tawinske mei alle drokte ! Leave groet fan my !

  4. JJ hat wol pech net? Dit is ek net de earste kear dat er oer de wrâld rekket. Sterkte der mei en moai dat it berntsje te plak is. Want ja in nij berntsje meitsje wurdt ek in toer op ús leeftiid!!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *