Net yn de snie of op in bungalowpark: famylje Langius fiert de krystfakânsje op de Fryske marren

De boat 'Louise' is foar de famylje Langius de plak om de krystdagen te fieren © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
De measte minsken dy't fuortgeane mei de krystdagen, fiere de frije tiid op in bungalowpark of yn de snie. Mar it wurdt hieltyd populêrder om de Fryske winter en de krysttiid troch te bringen op in hierboat op de Fryske marren.
Bert Langius en syn famylje farre wol faker yn Fryslân mei de boat Louise, mar noch net earder yn wintertiid. Op Facebook seagen se in berjocht fan de VVV Waterland. De measte jierren fiere se de krysttiid thús, mar no dus op de Fryske marren. "Dit was een mooie gelegenheid om eens wat anders te doen. Het kwam spontaan voorbij, we zagen dat de boot nog vrij was. Dus hebben we gelijk geboekt."
Krystfakânsje op de Fryske marren
De VVV is dit jier begûn mei de kampanje Trochfarren, om minsken de mooglikheden fan it farren yn wintertiid sjen te litten. Op in webside binne foarsjennings te finen dy't boatsjeminsken brûke kinne, lykas wêr't hierplakken fan boaten binne en geskikte farrûtes foar yn de winter.
Arend de Schiffart ferhiert al tsien jier boaten yn wintertiid. Hy is wiis mei de kampanje. "Der heakje no ek mear ferhierbedriuwen oan, restaurants kinne iepen bliuwe. De brêgen kinne op ôfstân betsjinne wurden, is wurdt allegear nofliker."
Neffens De Schiffart is de wintertiid de bêste tiid om te farren. "It is rêstich, de natuer is op syn moaist. As de sinne oer it wiete lân skynt, der is neat moaiers."
Bert Langius hat der nocht oan © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
De boaten dy't dizze winter ferhierd wurde, binne ek geskikt foar de kâlde dagen. Der sit flierferwaarming yn, lúkse keukens en der binne der sels guon mei in eigen sauna.
"Als je op de boot stapt, laat je alles los", seit Langius. "Gelukkig is het niet heel erg koud en er zit een goede kachel in de boot, dat moet goed gaan."