Fan kleanbonnen oant menstruaasjeprodukten: ferskillende ynkommensstipe gemeenten

Minsken mei in smelle beurs kinne klean en skuon útsykje yn in omboude stedsbus yn Súdwest-Fryslân © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Der binne grutte ferskillen yn watfoar ynkommensstipe gemeenten hawwe foar de ynwenners. Dat blykt út in rûngong fan de NOS en de regionale omroppen. Fan de 344 Nederlânske gemeenten hawwe 214 meidien oan it ûndersyk.
Yn Fryslân hawwe trettjin fan de achttjin gemeenten hawwe in reaksje jûn op in enkête dy't stjoerd is, mei fragen oer de maatregels dy't gemeenten nimme foar ynkommensstipe.
Gemeenten fiere in tal regelingen út foar de leechste ynkommens dy't oeral itselde binne, lykas de bysûndere bystân en frijskatting fan lokale belestingen.
Fan kleanbonnen oant menstruaasjeprodukten: ferskillende ynkommensstipe gemeenten
Dêrneist betinke se eigen regelingen. De Fryske gemeenten dy't in reaksje jûn hawwe, hawwe yn totaal 21 ferskate ekstra regelingen ûntwurpen om earme ynwenners te helpen, boppe-op de bystân en lanlike regelingen.
It giet dan om bygelyks in kleanbonnen foar bern of in mantelsoarchfûns. Dêr moat by sein wurde dat alle Nederlânske gemeenten ferplichte binne om in blyk fan wurdearring te jaan oan mantelsoargers. Hoe't se dat ynfolje, mei elke gemeente sels witte.

Ekstra help

De Fryske Marren springt derút, om't dy gemeente tsien ekstra regelingen hat: fan in fergeze identiteitskaart foar bern oant fergees menstruaasjeprodukten.
Yn de measte dielnimmende gemeenten (7) wurdt takom jier noch mear jild útlutsen foar ynkommensstypjende maatregels. Yn in soad gefallen is dit jier ek al mear jild útjûn as ferline jier.