It jier fan Willem Nammensma: "It hat de hel op ierde west"

Willem Nammensma © Eigen foto
Fuortgean fielt net goed, dus Willem Nammensma bliuwt foarearst yn Oekraïne wurkjen. De ierdappelboer út Seisbierrum is mei de krystdagen wol thús en sjocht werom op it meast bewogen jier út syn libben.
Om te sizzen dat er de oarloch oankommen seach, giet te fier, mar de spanning rûn yn de wiken foar 24 febrewaris, de dei fan de Russyske ynfal yn Oekraïne, wol op. "Om en nabij dizze tiid ferline jier kamen de troepen al by de grins, ûnder it mom fan 'trainingen'. Doe waard it mear driigjend."
Nammensma (39) is ien dy't it nijs goed byhâldt. En ein 2021, begjin 2022 kaam der hieltyd mear nijs oer de mooglike plannen fan Poetin. "De ambassade sei al in pear kear dat we wach wêze moasten, dat we guod klearsette moasten om fuort te gean. Reisadvizen waarden oanskerpe. En in oarlochsekspert sei begjin febrewaris dat de oarloch binnen twa wiken útbrekke soe. Dy hie it goed foarsein."
Sa'n earste dei bist hielendal ferlern.
Willem Nammensma oer de útbraak fan de oarloch
De dei fan de ynfal stiet Nammensma noch hiel goed by. It wie moarns ier en betiid doe't de earste raketoanfallen Oekraïne troffen. "Ik krige in berjochtsje fan in jonge oan it front: de oarloch is begûn." Nammensma moast even slikke en wist net wat er derfan ferwachtsje moast. "Hâldst der wol rekken mei, mar witst net wat it betsjut. Wat hâldt dit yn?"
"Sa'n earste dei bist hielendal ferlern", omskriuwt er. "Ik woe gau de stêd út. Doe't ik op de rûnwei ried, fleach in strieljager flak oer my hinne. No kom ik fan Seisbierrum en ha we wol wat ûnderfining mei de F-16's fan de fleanbasis Ljouwert, mar dit is wol wat oars. Underweis de radio oan, de telefoan giet konstant. Dat alles hat in enoarme yndruk op my makke."
Nammensma wie doe noch allinnich yn Lviv. In lytse twa wiken dêrfoar wienen se noch mei syn fjouweren: Willem Nammensma wenne der mei syn frou Inge en de twa bern: Elise en Thijs. "Mar op in sneontejûn, 12 febrewaris wie dat, ha we besletten om dochs fuort te riden. Der wienen te folle reade flaggen om te bliuwen. Dyselde jûn ha we in coronatest helle, want oars koenen we de grins net oer. In dei letter binne we nei Nederlân ta riden."

It aventuer yn East-Europa

Inge en de bern binne hjir bleaun. Se koenen teplak yn in fakânsjehúske yn Terherne, Elise en Thijs krigen online les. Nammensma is in pear dagen letter weromgien nei Oekraïne, it lân dat sûnt 2010 yn syn hert sit.
Willem Nammensma (rjochts) en kollega Андрій Беднарський © Eigen foto
Oant 2010 wurke er foar in Dútske masinefabrikant dy't yn de ierappelyndustry sit. Nammensma hie doe alris falle litten dat er oait wol nei East-Europa ta woe te buorkjen. Dat luts him. "En doe kaam de kâns, want in Oekraynsk bedriuw yn dy sektor woe útwreidzje. Se sochten ien dy't dat dwaan koe, fia it netwurk kamen se by my út."
Ein 2009 gong er foar it earst dy kant op. "Ik woe witte wat it ynhold, hoe't it oanfielde, oft ik dêr wat wenje koe." Dat foel net ta. "Ik ha der doe in wykein west en by thúskomst seinen we tsjin elkoar: hjir kinne we net wenje. Sá'n ûnherberchsume omjouwing."
It bleau him lykwols lûken. In pear moannen letter pakten se de foto's der dêrom noch mar ris by en doe wie it gefoel oars. "It is ek wol in avontuer, we ha neat te ferliezen."
Mei Inge gong er der yn de simmer fan 2010 dus wer hinne en doe binne se der bleaun. "It earste jier wienen we mei ús twaen, it twadde jier is Elise berne. Tuskentroch ha Inge en Elise ek noch wer yn Nederlân wenne, mar yn de maitiid fan 2014 wennen we hjir mei ús trijen."
It is gjin maklik lân, mar ast fan natuer en aventoer hâldst, dan is it wol in geweldige útdaging.
Willem Nammensma
Dat wie in jier dat de spanningen tusken Oekraïne en Ruslân ek al oprûnen. De oanset fan de hjoeddeistige oarloch kaam doe eins, seit Nammensma. Mei it bedriuw wie it ek ûnrêstich en dus besleat de famylje Nammensma om nei Nederlân te kommen.
Fiif jier letter, it Oekraynske ierappelbedriuw wie yntusken oernaam, kaam Nammensma dêr dochs wer yn byld. Se woenen him as liedingjaande ha, mar hy hapte net fuort ta. "We ha hiel bot 'wikt en weegd'. It is gjin maklik lân, mar ast fan natuer en aventoer hâldst, dan is it wol in geweldige útdaging."
Willem en Inge Nammensma en de bern by it eardere hûs fan âld-presidint Yanukovich © Eigen foto
Se keazen derfoar om dat aventoer op 'e nij oan te gean. "Mar de earste kear wennen we yn in doarpke. Dat woenen we net wer, dus we binne nei Lviv gien. Dêr sit in goede skoalle foar de bern (Thijs wie yntusken ek op de wrâld, red.) en it is in moai plak foar Inge."
De útbraak fan it coronafirus makke it lestich om te reizgjen, mar it wurk rûn goed. It libben yn Oekraïne befoel prima. "It lân gong ek foarút. De skoalle fan de bern is hartstikke modern, de lânbou rûn goed, de diken binne enoarm opknapt. Dat makket de hannel ek makliker. Dus we hienen it hjir goed."

De hel op ierde

Alles feroare lykwols doe't Ruslân it lân oanfoel. En tsien moannen letter liket in ein fan de oarloch net yn sicht, al hâlde de Oekraïners hoop. Nammensma is al moannen ûnder de yndruk fan de striidberens fan de minsken. Sels kin er syn eagen hast net leauwe as er sjocht wat it lân oandien is.
"Fan it simmer rieden we by Irpin en Boetsja. Dêr wie in hiel soad skea. Sjochst allinnich de skea oan de gebouwen, mar kinst dy dan wol foarstelle watfoar leed dat west hat. De Russen ha dêr mei tanks omriden. Gebouwen binne besketten en folslein ôfbrând. Sjochst nei de tastân fan hûzen en dan tinkst allinnich mar: dit hat hjir de hel op de ierde west."
Boetsja © Eigen foto
Alles is relatyf, mar wêr't Nammensma wennet yn Lviv is it foar it grutste part rêstich bleaun. Hy fielt him dêrom ek wol feilich, mar de famylje op sa'n grutte ôfstân is net altyd noflik. De krystdagen bringt er dêrom troch yn Seisbierrum en hy wol ek wol wat faker yn Fryslân wêze. "Earder wie ik altyd trije wiken yn Oekraïne en dan ien wike yn Nederlân. As it wurk it talit, bin ik no wat langere skoften yn Nederlân."

Altyd wer werom nei Oekraïne

Dochs sil er ek altyd wer werom komme. It lân sit yn syn hert. "Myn gefoel seit ek dat ik it bedriuw en de minsken dêr net achterlitte kin. Ik nim gjin ôfskied fan Oekraïne, dat fielt net goed."
Oft er oait mei it folsleine gesin dy kant op sil te wenjen, doart Nammensma net te sizzen. "De bern wurde ek âlder, dy binne no 10 en 6 jier. In skoalwiksel is net goed foar se. De kommende tiid dogge we dat dus sowieso net. Boppedat is de oarloch ek noch net foarby. Nei de oarloch moatte we noch mar sjen hoe't it komt, dat kin ek wer in drege perioade wurde foar Oekraïne."
Willem Nammensma en soan Thijs, thús yn Seisbierrum © Omrop Fryslân, Casper Slotboom