Sue Smeding set har yn foar flechtlingen: "Het is de plicht om mensen te helpen"

Sue Smeding © Simone Scheffer, Omrop Fryslân
Op 24 febrewaris foel Ruslân Oekraïne binnen. De troch presidint Vladimir Poetin beneamde 'spesjale operaasje' soarge foar in grutte stream flechtlingen nei Europa ta. Ek yn ús lân kamen en komme no noch hieltyd Oekraïners foar in feilich plak.
Yn Fryslân kamen ek in soad opfangplakken. En guon minsken holpen de Oekraïners op 'n paad en soargen foar in waarm wolkom. Ien fan harren is Sue Smeding. Har eigen libbensferhaal makke dat se wat dwaan woe. "Het is de plicht om mensen te helpen."
Buro de Vries hat dizze krysttiid omtinken foar 'de helpers fan 2022'. Trije ferhalen yn trije dagen oer minsken dy't har frijwillich en belangeleas ynsette foar oare minsken en sa de wrâld in bytsje moaier meitsje komme oan it wurd yn trije lange reportaazjes.
Sue Smeding is de dochter fan in Joadske flechtling. Har mem flechte yn de Twadde Wrâldoarloch fan Eastenryk nei Ingelân. Har mem wie ien fan de Wijsmuller-bern. Truus Wijsmuller rêde yn de oarloch sa'n 10.000 Joadske bern fan de dea.
De mem fan Sue wie sân jier doe't se mei in lyts kofferke yn Wenen op de trein setten waard nei Nederlân ta. Dêrnei waard se nei Ingelân brocht.
Dat rêde har libben. Sue waard yn Ingelân berne. It idee om minsken te helpen, hie se altyd al. Nei de dea fan har mem begûn de ferwurking fan it libbensferhaal fan har mem. Se woe wat weromdwaan. Maart dit jier koe dat, doe't de earste Oekraïners yn Harns kamen. "Mijn moeder was zo dankbaar dat ze geholpen was."
Bern mei de Oekraynske flagge © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Arjen Mintjes, de direkteur fan de Maritieme Academie yn Harns, helle in groep fan 30 flechtlingen nei syn skoalle om se op te fangen. Smeding hie mei him wurke foar de Tall Ships Races. Hy frege no wer om har help.
Sue stapte yn en waard de tuskenpersoan fan de Oekraïners en de gemeente. As der fragen wiene, dan regele Sue dat. Ek sette se taallessen op en soarge se foar guod foar de minsken.
Se fynt it prachtich wurk en sjocht ek de resultaten. Yntusken binne der fiif lokaasjes dêr't Oekraïners wenje. Noch altyd is se de tuskenpersoan.
Oekraynske flechtlingebern fiere de ûnôfhinklikheidsdei yn Nederlân © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Se begrypt de problematyk fan it libjen yn in folslein nije omjouwing hiel goed. Doe't se fan Ingelân yn Nederlân kaam te wenjen, hie se it somtiden ek efkes dreech om te begripen hoe't it hjir giet. "Koffiedrinken is hier om 10 uur en eten om 18 uur, dat was voor mij ook niet duidelijk", fertelt Smeding.
Ek de taal is in ding. Belje mar ris mei in húsdokter mei de kiesmenu's. "Bij de dokter vinden ze het niet leuk dat je de spoedknop (1) indrukt." It lykje lytse saken, mar it is hiel wichtich om minsken hjirby te helpen.
Het is een kwestie van topo. Ben je geboren op een plek waar je vrij kunt zijn of niet?
Sue Smeding
Dat se it libben oppakke mei in bytsje help docht har goed. "Hoe mooi is het dat ik ze kan helpen het zelf op te pakken?" As se praat en wurket mei flechtlingen is it altyd dúdlik foar de Britske Harnzer: "Het is een kwestie van topo. Ben je geboren op een plek waar je vrij kunt zijn of niet?"
It is in rjocht om wolkom te wêzen en je feilich te fielen, fynt Smeding. In foardiel is neffens har dat Harns in lytse stêd is. Alles is behapber en de lyntsjes binne koart. Se wurket goed gear mei de gemeente, dat is hiel wichtich by help oan flechtlingen.

Oare flechtlingen

"De meeste Oekraïners pakken het leven goed op. Een aantal werkt en probeert er iets van te maken." Koartlyn kamen der ek oare flechtlingen nei Harns. Op it skip River Diamond wenje 170 flechtlingen út 22 lannen, fertelt Sue.
River Diamond yn Harns © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Nei de help oan de Oekraïners wurket se no ek op it skip. Der is wol in ferskil mei de Oekraïners. Dizze minsken witte noch net oft se bliuwe meie en komme út ferskate lannen. Foar Sue makket dat neat út. Se sjocht net nei nasjonaliteiten of groepen. Elk is in yndividu en dêr moatte je neffens har nei sjen.
"Iedereen heeft het recht om welkom te zijn en zich veilig te voelen." En op syk nei gelok, dat binne we neffens har allegearre. "We zijn allemaal gelukszoekers. Ik woon hier ook omdat ik dacht dat ik hier meer geluk voor mij en mijn kinderen zou hebben."
Harkje nei de radioreportaazje mei 'helper' Sue Smeding
Dat nei dizze flechtlingen oars sjoen wurdt as nei de Oekraynske flechtlingen, lûkt se har net oan. Se bliuwt posityf en fynt dat deroer prate folle minder helpt as aksje. Saken mei-inoar dwaan en elkoar moetsje, mei elkoar fuotbalje en elkoar sjen. Dat helpt. "Het is onwetendheid. En dan helpt alleen actie, woorden niet."
Sue Smeding is hielendal op har plak yn dit wurk. "Het is een verrijking van mijn leven, absoluut. Ik leer heel veel."
Flechtling Ludmilla Olefir foar de klasse © Omrop Fryslân
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.