Mylde en reinige krystdagen, mooglik twadde krystdei wat sinneskyn

Reinige krystdagen © ANP
De grouwe winterklean kinne mei dizze krystdagen wol yn de kast bliuwe en de paraplu moat mei ast de doar út giest. It waar is wikselfallich mei temperatueren dy't oan de hege kant binne.
Op earste krystdei falle der letter op de dei buien. It is 8 of 9 graden, yn it Iselmargebiet wat kâlder, sa meldt waarfrou Tjitske Wijbenga fan Omrop Fryslân.
Twadde krystdei is de loft ek berûn. De wyn hellet oan ta krêftich, oan maksimaal krêft 7 yn it Waadgebiet. Middeis is der kâns op rein, mar de sinne kin ek trochbrekke. Mei 8 oant 10 graden is it myld foar de tiid fan it jier. Jûns en nachts is it mei 5 of 6 graden ek net echt kâld.
De dagen dêrnei bliuwt it wikselfallich. Tiisdei begjint kalm, mar middeis lûke de buien wer oer. Woansdei krije we in wiete dei. Tusken de perioaden mei betiden rein troch - moarns en jûns - is it efkes drûch. Tongersdei reint it út en troch en der stiet in stevige wyn, krêft 4 oant 7. Tongersdei lizze de temperatueren mei 8 oant 10 graden krekt wat heger as woansdei (6 oant 8 graden).