Piet en Helma Adema: "Famyljebelang offerje wy net op foar ministersfunksje"

Piet en Helma Adema © Omrop Fryslân, René Koster
"As myn pakesizzers 'belaagd' wurde om it wurk dat ik doch, dan is de grins berikt." Dat seit Lânbouminister Piet Adema yn in lang petear dat it radioprogramma Buro de Vries mei him en syn frou Helma hie.
"As de bernsbern op it skoalplein lêst krije fan it feit dat harren pake Lânbouminister is, dan is de grins berikt. It famyljebelang offerje wy net op foar myn funksje."
Wisse wurden fan in man dy't nei it opstappen fan foargonger en partijgenoat Henk Staghouwer yn byld kaam as de nije ChristenUnie-minister op it drege lânboudossier.
Op it belied mei ik oansprutsen wurde en sels oanpakt, mar lit myn famylje derbûten.
Lânbouminister Piet Adema
Minsken moatte better ûnderskied meitsje tusken de minister en de priveepersoan, fynt Adema. "Op it belied mei ik oansprutsen wurde en sels oanpakt, mar lit myn famylje derbûten."
Hy ferfolget: "Se hawwe hjir noch net foar de doar stien, mar dat soe fansels samar kinne. Ik fiel my lykwols net ûnfeilich en dat jildt ek foar myn frou Helma."

Hûs befeilige

It hûs fan de Adema's is nei syn oantreden as minister befeilige en yn de kamera's set, mar it sterkste gefoel fan feiligens ûntlient Helma Adema oan har leauwen.
"Ik ben ervan overtuigd dat er niets zal gebeuren zonder Zijn wil. Ik weet zeker dat ik de kracht zal krijgen daar dan mee om te gaan. Trouwens, ik begrijp ook heel goed dat de boeren boos zijn. Maar het privéleven is echt de grens."
Piet Adema © Omrop Fryslân, René Koster
Piet Adema hat earder ek al ris yn byld west foar in funksje yn Den Haag. "Dat wie yn 2017. Doe haw ik dúdlik sein dat ik dat net woe. Sterker noch: ik sei der sels by dat se my dy fraach net wer hoegden te stellen."
Doe't partijlieder Gert-Jan Seegers dochs by him kaam, wie it fuortendaliks serieus. "Ja, Piet. Dit is een andere vraag dan in 2017. De nood is hoog en wij denken dat jij onze man bent. De man die verbinding kan leggen. Je moet komen. We hebben je nodig."
Soe ik de geskikte man wêze op dizze post?
Piet Adema wie ûnwis oft Lânbouminister wol wat foar him wie
Foar Piet Adema begûn doe in perioade fan ôfwagen. Doch ik it wol of net? "Ik seach fansels dat der in grutte opjefte lei, dat it lân fol stiet mei omkearde flaggen, en dat der in soad ûnfrede is. Net allinnich op it mêd fan lânbou. Mar soe ik de geskikte man wêze op dizze post?"

De twivel fuort

Adema lei de fraach foar oan de famylje, oan de tsjerklike mienskip en partijgenoaten, mar ek oan minsken dêr't er earder bestjoerlik mei gearwurke hat, lykas âld-deputearre Sjoerd Galema en âld-kommissaris Ed Nijpels.
Doe't er it idee krige dat eins elk der wol fertrouwen yn hie, gie er sels ek om. "Doe't ik nachts begûn te tinken oan hoe't ik it oanpakke soe, kantele it en wie de twivel fuort."
Piet Adema op in frage-oerke yn de Twadde Keamer © ANP
Yn it petear krije Adema en syn frou ek in tal 'ûnmooglike dilemma's' foarlein. Sa reagearje se op: 'boer of boarger, krystdagen of peaske, biologysk of gongber, in moai liet of in goede preek, prinsipes of loyaliteit, lânsbelang of famylje', mar ek op: 'Anneke Douma of De Hûnekop'.
Fierders giet it petear fansels oer it lânbouakkoart, de BoerBurgerBeweging, Tjeerd de Groot, de fiskers en de túnkers, mar ek oer hoe't se as húshâlding it krystfeest fiere.
Piet en Helma Adema
Oer beliedssaken prate Helma en Piet Adema thús tegearre ek wol. "Ik speel dan vaak de rol van de gewone burger in een soort van rollenspel en stel de voor de hand liggende vragen voor iemand die niet alles weet. Het is mooi om te zien dat Piet daar ook echt iets mee doet", fertelt Helma Adema.
Nei in perioade fan relative rêst yn it krystreses, giet de oandacht fuortendaliks ek alwer nei 2023. Neffens minister Adema wurdt dat in pittich jier.
"Ik hoopje dat it echt it jier fan de oplossingen wurdt. Ik bin der wis fan dat der in duorsume takomst mooglik is foar de lânbou yn ús lân. We sette mei-inoar de skouders derûnder!"