Hûs Dronryp bêst besjoen keaphûs op Funda fan it jier 2022

It hûs is dreech te berikken, dat mei dúdlik wêze © Struiksma Makelaars Sneek
De eardere brêgewipperswente by Dronryp is it meast besjoene hûs op Funda fan dit jier. Dat skriuwt de Volkskrant.
De advertinsje waard hast 800.000 kear besjoen. Uteinlik waard it hûs oan de krusing fan de Boalserterfeart en it Prinses Margriet-kanaal yn oktober ferkocht as fakânsjewenning. It kaam foar 135.000 euro in hannen fan de nije eigener. It húske oan it kanaal by Dronryp hie gjin oansluting op wetter, gas of elektrisiteit.